Abel Darwinkel nij haad Stellingwarver Schrieversronte

oktober 29, 2020 13:21

Abel Darwinkel

Abel Darwinkel fan Appelskea wurdt de nije direkteur fan de Stellingwarver Schrieversronte, de organisaasje dy’t opkomt foar it Stellingwerfsk. Darwinkel folget Sietske Bloemhoff op, dy’t 35 jier foar de streektaalorganisaasje wurke hat.

Darwinkel wie fan 2003 oant 2018 streektaalfunksjonaris fan de provinsje Drinte. Hy presintearre jierrenlang mei Jan Germs it telefyzjeprogramma Jasbuus vol Dreents op RTV Drenthe en hat bydroegen oan ferskate boeken oer de Saksyske streektalen.

Der wurkje fjouwer minsken by de Stellingwarver Schrieversronte, dy’t syn kantoar yn Aldeberkeap hat. Fierders is der in keppel frijwilligers oan ‘e organisaasje ferbûn.

oktober 29, 2020 13:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.