Aant Mulder: Thús

oktober 27, 2020 07:00

Kollum

Wy binne in protte thús en wy net allinne. De koroanatiid hat dat fan gefolgen. Wy tochten earst dat we der mei in yntelliginte lockdown yn ’e maitiid wol ôf wêze soene. Dat bliek net sa te wêzen. De twadde weach dêr’t fakenfolle oer praat waard, kaam earder as ferwachte en makket dat de situaasje wer hieltyd mear op dy fan fan ’t maitiid begjint te lykjen. Wy ha no krekt noch net te krijen mei in lockdown, mar de nommen maatregels begjinne dêr wol aardich op te lykjen. Wy komme dus net folle fan de pôle ôf. No hoege we dat ek net en dat is mar goed ek, want ik rekkenje mysels ta de risikogroepen dy’t dûbeld risiko rinne.

Yn ’e Riisterbosk. Foto © Aant Mulder

Wy ha dus alle tiid om om hûs en hear dingen te dwaan. Dan giet it benammen om de tún en we rinne en fytse gauris. No’t de terrassen sletten binne en it waar hjerstiger wurdt, moatte we ús hieltyd mear binnenshûs fermeitsje. Ik skriuw kollums en ek wolris in oar artikel, lês kranten, tydskriften en boeken. Fan en ta geriif ik de pakesizzers mei fragen dêr’t skoallen yn de koroanatiid net oan ta kommen binne. Underwilens falt it my op dat digitale aspekten in hieltyd grutter part wurde fan it deistich bestean: e-mails fansels, mar ek fideoskilje mei de smartphone en digitale petearen en oerlizzen op tablet en laptop en oars binne dêr wol berjochten en kranten op te lêzen.

Derop út. Foto © Aant Mulder

Wy binne dus thús en dat fine we eins ek wol noflik. Wy hâlde ús foar dat guon siswizen dat ek moai oanjouwe. Tink mar oan: In goed thús ha, East west, thús bêst, Oeral thús, mar thús it bêste. In oare grif wat minder bekende siswize: Earne sa thús wêze as in mûs yn ’e spiiskeamer. Dat wurdt ornaris sein fan oare plakken, jin earne oars noflik thúsfiele. Dat moat no ek mar foar it eigen thús jilde, It soe ommers net bêst wêze as men fan jins thús sizze moatte soe: Earne sa thús wêze as in snoek op ’e turfsouder. Dan soe men jin dus net op jins gemak fiele en dan falt thússitten neat net ta.

Dat we safolle mooglik thúsbliuwe, dat wurdt fan ús ferwachte. As it net hoecht, sette we net ôf. No’t we thús binne, ha we tiid om praatprogramma’s te sjen en te hearren. Wat mear ik fan dat soarte fan programma’s sjoch en hear, wat minder ik wit wat it al en net lije kin. As alle saakkundigen ek nochris de eigen beswieren wiidweidich taljochtsje, bin ik der eins hielendal ôf. No ha ik altyd leard dat koarte teksten mei dúdlike oanwizingen it bêste hingjen bliuwe. Ik ha ek leard dat men soks byldzjend dwaan moat. Ik ha hiel wat tiid foar it boerd stien om dêr tekeningen op te setten, dy’t dúdlik makken wêr’t it om gie. Letter mei dia’s, films en skoaltelefyzje wie dat hieltyd minder oan ’e oarder.

En ik, ik seach yn myn ferbylding en mei wat fan fantasy
de kening en syn húshâlding in rûntsje Europa fleanen
mei in tuskenlâning yn Grikelân

Dat lêste, de ynstruksje ferbyldzje, dêr moast ik oan tinke doe’t ik hearde en seach dat de keninklike famylje nei Grikelân op fakânsje gie. It mocht al, mar it koe net, begriep ik út de praatprogramma’s en elk spruts der wer op eigen wize skande fan. En ik, ik seach yn myn ferbylding en mei wat fan fantasy de kening en syn húshâlding in rûntsje Europa fleanen mei in tuskenlâning yn Grikelân. Hy sette ôf en kaam werom. Wy stekke sa net yninoar, mar we hiene ek sizze kinnen dat er sa moai dúdlik makke hat dat yn dizze tiden mar ien ding jildt: thúsbliuwe. East west, mar thús bêst. Ik neamde it al. Byldzjend ûnderwiis foar it hiele folk. It siet lykwols krekt wat oars. Spitich, it hie sa moai wêze kinnen.

Der moat my yn dizze koroanatiden noch ien ding fan it hert. Oeral thús mar thús it bêste. Sa’n thús betsjut foar my in Frysk thús, mei Fryske kranten, tydskriften en boeken, mei Fryske programma’s. Fryske kranten ha we net. Aldergelokst stiet der fan en ta wol wat Frysk yn. Wy ha sûnt koart twa Fryske tydskriften: De Moanne en De Nije. It earste tydskrift, dat al in moai skoft bestiet, is net hielendal Frysk en tagelyk de kulturele kant it neist. It oare, De Nije, bestiet no krekt wat langer as in jier en is ornearre foar alle Frysklêzende Friezen. Dêr komme hiele gewoane dingen yn oan ’e oarder. It giet diskear oer Fryslân en Europa. Der steane ferhalen yn oer de wyn fan De Heidepleats yn Sint-Nyk, oer Geert Mak en syn fyzje op Europa en Jan Huitema oer de Europeeske polityk. It giet ek oer pylgerpaden, arsjitektuer yn Fryslân, oer oare lannen en oare talen, Friezen yn oare lannen en oarsom. As ik net witte soe wat der allegearre yn stiet, soe ik suver longerjend útsjen nei dat tydskrift, dat no farsk fan ’e parse op ’e matte en yn ’e winkel leit.

Efkes bekomme. Foto © Aant Mulder

Ik hâld op mei in pear opmerkingen oer Omrop Fryslân en de Fryske telefyzje. Ik tocht, ik ha no wol tiid om te sjen. Mar och hea, dêr komme se net folle fierder as Hjoed en Hea, mei op freed it Polytburo en inkeldris wat oars. Dy programma’s wurde sûnder ein werhelle. Soe dat net wat oars kinne? Fan wat der no útstjoerd wurdt bin ik eins net fan thús.

Hawar, ik hoopje dat der in tiid komt dat we sizze kinne dat de situaasje net mear oer huzen en beammen raast en dat we wer fan hûs kinne. De siswize: Dy sil yn ’e hûs net ferskimmelje, is fansels it oare uterste. Dat sizze we fan immen dy’t algeduerigen op en út is. Mar dat we oaren it hûs wer fan it stee rinne kinne en dat we nei hûs ta geane kinne as de klok in bytsje slacht, soe dochs wol moai wêze.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 24 oktober yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.

 

oktober 27, 2020 07:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Joute De Graaf oktober 28, 15:50

    In moaie kolum fan Aant mei de titel Thús. Sokke mear

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.