Aant Mulder: Pompe of fersûpe

oktober 13, 2020 06:54

Kollum

It ir. D.F. Woudagemaal bestiet yn in suterige wike mei hurde wyn en stjalperige reinbuien hûndert jier. Dat jubileum koe net yn in moaiere wike falle. Sok waar heart by sa’n stoomgemaal. As it sa trochgiet kin it gemaal wer ynset wurde en dus dwaan wêr’t it foar boud is: pompe.

Pompe, dat hat it Woudagemaal, yn ‘e folksmûle Teakesyl, no hûndert jier lang dien en wy binne net fersûpt. Hoe soe dat de kommende hûndert jier komme? Sûnt de iepening fan it Woudagemaal op 7 oktober 1920 troch keninginne Wilhelmina hat it gemaal oan 1966 ta derfoar soarge dat we drûge fuotten holden. Dat jiers waarden de taken fan Teakesyl oernommen troch it J.L. Hooglandgemaal yn Starum. Sûnt wurdt it gemaal op Teakesyl allinne noch ynset as it Hooglandgemaal it dreech hat.

Foto © Aant Mulder

Dat Woudagemaal op Teakesyl wie doe in útkomst. Wy binne it no fergetten, mar Fryslân belibbe wat it wetter oanbelanget drege tiden. Dat wie yn 1825 wer dúdlik wurden doe’t troch in stoarmfloed grutte parten fan Fryslân ûnder wetter rekken. Dat jilde benammen foar de Lege Midden en de Súdwesthoeke fan ’e provinsje. Sûnt waard ek dúdlik dat it hieltyd lestiger wie om it wetter op natuerlike wize ôfrinne te litten. Dêr wiene in grut ferskaat oan útwetteringsslûzen, silen, foar. De silen oan de Suderseekust koene mei hurde wyn en reinige riten hieltyd minder faak iepenset wurde. Hieltyd faker kaam der mear lân ûnder wetter te stean. Dat om 1825 hinne wie in tredde part fan alle lân bûtlân, lân dat fan en ta ûnder wetter stie. Der moast dus wat barre.

Rûchwei sein, kin steld wurde dat it lân sakket en dat de see omheech komt.

De boeren yn ’e mande mei de wetterskippen diene alle war om mei polders, wynmûnen en lytse gemalen it wetter fan it lân ôf te krijen. Yn de feanterijen gie dat net oars. De Provinsje besocht om dat tefolle oan wetter fia sleatten en kanalen nei de silen te krijen. De Dokkumer Nije Silen hiene de foarkar. Dy koene faker as oare silen iepenset wurde. It measte wetter moast lykwols út it súdwesten wei komme. It wie dúdlik dat dêr wat barre moast. Sa waard it Woudagemaal doe it foarriedige slútstik fan de Fryske ôfwetteringsproblematyk.

Dat Woudagemaal waard nei in ûntwerp fan yngenieur Dirk Frederik Wouda, haadyngenieur fan Provinsjale Wettersteat Fryslân, boud. Dat wie likegoed net samar klear. De besluten waarden yn 1913 nommen. Yn 1915 waard In streamkanaal groeven om it wetter de kant fan it te bouwen gemaal op te krijen. Dat wie yn de tiid fan de Earste Wrâldoarloch. Dat maklik sil it net west ha. It gebou sels waard in sober en funksjoneel gebou, yn de Berlagestyl (it rasjonalisme). Dat de 60 meter hege piip doe’t er al ôfboud wie, mar noch gjin tongerlieders hie troch de wjerljocht rekke waard, wie in nuvere tebekset. De piip moast folslein ôfbrutsen en opnij opboud wurde. Hawar, yn 1920 koe it dus heve. It grutste stoomgemaal fan de hiele wrâld waard iepene. Doe koene acht sintrifugaalpompen yn ien minút 4000 kubike meter wetter ferstowe. It gemaal krige yn 1947 offisjeel de namme ir D.F. Woudagemaal. Dat wie doe’t de haadyngenieur mei pensjoen gie. De stoommasine waard yn ’t earstoan stookt mei stienkoal. Yn 1955 kamen der nije tsjettels en yn 1967 waar oergien op oaljestook.

Foto © Aant Mulder

Yn 1966 kaam it elektryske J.L. Hooglandgemaal yn Starum klear. Sûnt spilet Teakesyl de twadde fioele, mar it funksjonearret noch altyd, al is it mar in pear kear jiers. De edukative en toeristyske funksjes waarden hieltyd wichtiger. Sa’n ymposant stoomgemaal sprekt ta de ferbylding. Yn 1998 waard it stoomgemaal in Unesco Wrâld Erfgoedmonumint, ien fan de tsien yn ús lân. Dy ûntwikkelingen hiene fan gefolgen dat der yn 2011 in nij besikerssintrum kaam. It is nammers nijsgjirrich om te sjen hoe’t it wetter fan ynfloed west hat op dy rige fan tsien Unesco Wrâldgoed monuminten. Sân ha te krijen mei wetter. Dat binne: Skoklân, de Stelling fan Amsterdam, de mûnen fan Kinderdijk, de drûchmakkerij de Beemster, de Waadsee, de grêftengurdle fan Amsterdam.

Foto © Aant Mulder

Teakesyl hat dien wat it dwaan moast. Likegoed binne foar no en de takomst oare oplossingen foar de wetterproblemen nedich. Rûchwei sein, kin steld wurde dat it lân sakket en dat de see omheech komt. Ynklinken is in bekend begryp. It lân sakket ek om’t it grûnwetterpeil leech holden wurdt om de boeren te geriven. Dat hat benammen op de feangrûn in ferkearde útwurking. Der wurdt no oer neitocht hoe’t it peil wer omheech kin, mar foar in part fan it fean is dat te let. De grûn sakket ek om’t gas en sâlt út ’e grûn helle wurde.  Oan ’e oare kant komt it seewetter hieltyd heger te stean. Dat betsjut dat de diken heger moatte. Dêr wurdt ek oan wurke. Oan ’e oare kant wurdt ek neitocht oer it fêsthâlden fan mear wetter en oer oarsoartige lânbou. Dat wurde dan grif nije bûtlannen. Men kin jin ôffreegje oft dat genôch is. As we Flevolân ynride, sjocht ik keunstwurken dy’t yn de foarm fan reek út de skoarstien mei in boatsje derop oanjouwe hoe heech oft it wetter stean soe. Op mismoedige mominten tink ik der dan wolris oer hoe’t it oer wer hûndert jier te uzes is. Soene we Fryslân dan allinne noch weromkenne oan de piip fan Teakesyl en it timpeltsje fan Ids Willemsma op de Waadseedyk by Marrum? It kin hast net oars. Lit ús mar hoopje dat we dat noch skoften tefoaren komme kinne.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 10 oktober yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
oktober 13, 2020 06:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.