Aant Mulder: It draait wer út op stront

oktober 6, 2020 07:33

Kollum

‘It draait wer út op stront’, song Rients Gratema. Dêr moast ik oan tinke, no’t de kranten wer fol steane fan it ‘mestplan’ fan minister Carola Schouten. Guon boeren moatte der no al neat fan ha, hoewol’t it in transparant en dúdlik plan liket te wêzen. De kearn fan it ferhaal is dat de ‘mest’ safolle mooglik op eigen grûn ferwurke wurde moat. Dat plan, dêr sil ik it fierder net oer ha, mar ik betocht wol dat der hieltyd faker oer ‘mest’ praat wurdt. Wy hiene it oer jarre en stront. Hjoed-de-dei lykje dat smoarge wurden, op it ûnfatsoenlike ôf.

Rients Gratema wist mei syn liet Jarre, dêr’t ik mei begûn, mei prachtige sinnen lykas: ‘Harregarre man wat moat der barre mei sa’n knoarre jarre’ de minsken de noas oplûke te litten. Hawar, doe’t wy bern wiene, kaam de stront yn de strontkroade en dy kroade moast by de rûchskerne op om dêr lege te wurden. De jarre sipere as fansels út de groppe wei de jarrekolk yn. Stront en jarre waarden dus automatysk skaat. No’t we sjoen ha hoe’t Yvonne Jaspers yn ‘Onze boerderij’ op NPO1 de stront, no ja, sels hie se it fansels oer ‘poep’, mei de hannen opkrige en der sels oan rûkte, wurdt it faaks wer wat gewoaner om oer jarre en stront te praten.

boarne: Frysk Boerekwartetspul, útjefte De Blauwe Seilbokse

Doedestiden jarren de boeren. De jarrebak, letter de tank, kaam op de wein. De wein kaam ûnder de jarrepomp te stean en sa kaam de tank fol. Op it lân kaam de klep iepen en dan koe it heve. Fan ynjektearjen hiene de boeren fan doe gjin weet. It dongjen, it útriden fan de stront, wie net allinne in bewurklik, mar ek in swier karwei. De wein kaam by de rûchskerne of strontbult te stean en waard mei de gripe folsmiten. Op it lân waarden op regelmjittige ôfstân bultsjes stront fan de wein klaud. Dy bultsjes waarden letter mei de gripe oer it lân ferspraat.

Dy hanneling kaam okkerwyks yn in petearke oan ’e oarder om’t immen it oer skambûkjen hie en net begrepen waard. Doe’t de man my oer dat wurd befrege, begriep ik it ek net daliks. Doe’t hy ferdútste wat er bedoelde gie my in ljocht op. Dat neamden wy skytbûtsen. As skambûkjen en skytbûtsen farianten fan deselde hanneling binne, dan moat it earste part te krijen ha mei stront. Skyt, dat is gau dúdlik, mar skam is wat lestiger. Ik tink ynienen oan rûchskerne, dêr’t ik it niiskrekt al oer hie. Skerne, skern, soe skarn, skam wurde kinne.

As skambûkjen en skytbûtsen farianten fan deselde hanneling binne,
dan moat it earste part te krijen ha mei stront.

As ik in skoftke yn it Frysk Wurdboek omsykje, kom ik by it tiidwurd skytbûtse ek it tiidwurd skernbûtse tsjin. Dan kin it hast net oars of dat de wurdsjes skern en skarn beide itselde betsjutte. Under ynfloed fan de folgjende -b-  fan bûkje is skarn grif skam wurden. As dat sa is, dan binne we der. Skytbûtse en skambûkje binne deselde wurden. Hoewol, ik sjoch bûtsen en bûkjen oer de holle. No wit ik noch wol dat -ts- yn guon gefallen in -kj- west hat. Yn it Hylpersk sizze se ommers net fan lytse, mar fan lykje, wylst de besjuttingen deselde binne. En dizze man komt út dy omkriten wei! It Frysk Wurdboek jout wer útslútsel. Beide foarmen bûtse en bûkje komme foar. Dat skytbûtsen waard yn de Súdwesthoeke grif ek wol skambûkjen neamd.

Aardich dat twa tiidwurden skytbûtse en skambûkje ferskillende begripen lykje te wêzen en dat dochs net binne. Wy binne it iens wurden dat beide begripen itselde betsjutte: de op it lân útskiten stront mei in spesjale foarke útinoar slaan. Dat de man it hieltyd oer dy bultsjes hat, ha ik te min achtslein. Dat muoit my, want it betsjut likegoed mei in spesjale foarke de op it lân brochte dong útinoar slaan. Dy spesjale foarke is dan wol in gewoane gripe.. Eins is dat útinoar slaan de earste betsjutting fan skernbûtse/skambûkje. Hy hie dus hielendal gelyk. No hoopje ik mar dat er dizze kollum lêst.

foto © Aant Mulder

No’t ik it dochs oer it boerebedriuw ha, kin ik in oar wurdsje dêr’t ik okkerdeis fan hearde ek noch wol efkes neame. Ik hie it krekt oer haaiweinen. Letter kamen der hieltyd mear luchtbanneweinen. Benammen dy haaiweinen hiene draaiende dielen fan izer op izer. Dat late ta in knarsen en piipjen, mar benammen ta slitaazje fan dy ûnderdielen. Om dat foar te kommen, dêr yn alle gefallen wat oan te dwaan, brûkten de boeren fet, better sein: smoar, om dy dielen mei yn te smarren. Ik sjoch dy bussen mei smoar noch wol stean. Weinsmoar dus.

Dat wurdsje wie de oplossing fan in Frysk Wurd Sudoku yn de Ljouwerter Krante, mar dan net as weinsmoar, mar as wiensmoar. Dat wie in oare fraach dy’t ik krige. Ik moast efkes neitinke. It wurdsje ‘wien’ hie ’k muoite mei. Dat wien mei it twalûd -ie- komt ek nei iens yn it Frysk Wurdboek foar. Dat twalûd komt allinne mar yn wurdsjes foar dy’t begjinne mei: wiel, wier, wiet en yn guon tiidwurdsfoarms.

Dat ik koe net betinke hoe’t de oplossing wiensmoar wêze koe. Ik betocht dêrom dat it grif weinsmoar wêze moast, lykas yn de wurdsjes: weinmakker, weinpaad, weinspoar, weintsjil en weinsiik. Yn dat gefal soe de Sudoku net hielendal doge. It hat in pear wiken duorre foar’t de oplossing yn ’e krante stie. Sa giet dat. Ferline wike sneon wie it safier. Doe stie de oplossing yn ‘e krante: wiensmoar. Ik begryp dat de Afûk foar dy Frysk Wurd Sudokû ferantwurdlik is. Dat moat hast wol betsjutte dat dy it goed hat en ik net. Dat ik hear graach wat wiensmoar krekt is.No hoopje ik mar dat se by de Afûk dizze kollum lêze en derop reagearje wolle.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 3 oktober yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.

 

oktober 6, 2020 07:33
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Kees van der Beek oktober 8, 17:49

    As âld-klaaifries, berne op ‘e grins fan de klaai en wâlden en boere-komôf kin ik my noch heuge, dat myn heit dy bultsje stront op it lân moast útbûtse – dus STRONTBUTSE mei de gripe.

  2. Jehannes Elzinga oktober 10, 18:32

    Neffens my is it Hollânske “mest” yn it Frysk: “dong” en net “stront”, hoewol;’t dy twa gauris troch inoar hinne brûkt wurde.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.