Aant Mulder: In snertferhaal

oktober 20, 2020 08:52

Kollum

It is fansels noch gjin winter, mar no’t it waar feroaret, feroaret it iten op tafel ek. It is in hiele aardichheid om te sjen wat der simmerdeis op tafel stiet en wat no. Simmerdeis giet it gauris om griente en fruit út waarme lannen, út kassen en sels hieltyd faker gewoan fan de kâlde grûn. It is ommers tagelyk griente en fruit dat hieltyd faker en hieltyd makliker te uzes oan groeien, bloeien en fruchten takomt. Ik tink oan augurken, komkommers, tomaten, meloenen, oan auberzjinen, mais en swiete ierappels. Dy griente en dat fruit wurdt ek gauris brûkt yn saladen en dy hearre ek wer by de simmer. Dat soarte fan iten hat in ferkuoljend effekt op ús en dat komt yn de simmer goed fan pas. Hawar, dêr wol ik it eins net oer ha. Sa wurdt dit net in snertferhaal.

Ik wol it net oer simmer- mar oer winterkost ha. Dan giet it net om produkten fan om fierrens, mar om dy fan de eigen kâlde grûn. Dat iten is tagelyk deeglike kost. Dy produkten, dêr kin snert en stamppotten fan makke wurde. It is net allinne streksum, mar ek ferwaarmjend iten. Dat hat men yn de winter krekt nedich. As we oer winterkost prate, dan ha we it oer dy grienten dy’t let yn de tiid fan it jier fan de tún of it lân helle wurde kinne of griente en fruit dat hiel maklik bewarre wurde kin. It is faaks wol wat apart, mar It binne tagelyk produkten dy’t sûn binne om de fitaminen en mineralen dy’t deryn sitte, en net folle kaloryen ha.

Griene koal, koalraap en selderij. Foto © Aant Mulder

Wy ha it dus oer in ferskaat oan koalsoarten, oer sprútsjes (lytse koaltsjes), oer earte en beane en oer apels en parren. De koalsoarten dogge derta. Der binne safolle koalsoarten, dat hast alle dagen wol in oare soarte op tafel stean kin: reade koal, griene en wite koal, blomkoal en brokkoly, sprútsjes en boerekoal fansels. Dy lêste griente moat eins earst de froast oerhinne foardat dy op tafel kin. Soerkoal mei yn dit ferhaal net ûntbrekke. Dat waard as snijde wite koal yn Keulske potten dien om der as soerkoal wer út helle te wurden.

Ik wit net hoe’t it jimme fergiet, mar wy ha al wer snert iten,
gjin ‘erwtensoep’ mar snert.

Likegoed hat it der alles fan dat we de measte koalsoarten hieltyd minder faak op tafel sette: Koalsnije is in bewurklik karweike. Dat hoecht net mear. Dat dogge se wol yn de supermerk. Dat benammen bern fine dat koal net letter rûkt en dus ‘fiis’ is, dat is in grutter probleem. Hawar, der binne oare mooglikheden. Ik hie it ek oer griente en fruit dat maklik bewarre wurde kin. Gewoan drûgje of drûch en skjin en op in gaadlik plak ophingje of dellizze, lykas sipels, earte en beane, apels en parren. Wy hiene der altyd in moai wurd foar, benammen as it gie om apels en parren: de gielguorde, in gaadlik plakje yn it hea. Dêr koe it fruit fierder rypje. Fierder wie de souder in gaadlik plak. Dêr leine ornaris ek de earte en beane, brune beantsjes en splitearte, want dat wie wer oare winterkost. Brune beantsjes, dat is dúdlik, mar splitearte binne bedoeld om snert of ‘erwtensoep’ fan te meitsjen. No sa, kom ik dochs wer oan myn snertferhaal ta.

Board mei snert. Foto © Aant Mulder

Snert en ‘erwtensoep’ Dy twa wurde hieltyd faker trochinoar helle en dochs binne it ferskillende dingen, fyn ik. Sop ha we yn soarten. Tink mar oan grientesop, tomatesop, sipelsop, beantsjesop en dus ek ‘erwtensoep’. Friezen ite dat net. Wy ha der net iens in Frysk wurd foar. Nee, wy pakke troch. Wy hâlde net op mei splitearten, griente en woarst. Dan begjinne we noch mar krekt. Wy meitsje der daliks snert fan. Dêr is mear foar nedich. Tink oan: bargefleis, spek en bonken. Dan begjint it der op te lykjen, Snert is likegoed pas echt snert as it in dei stien hat. De smaken foarmje dan ien gehiel en dat is helte lekkerder. Dat ite we graach en dat is snert.

Ik begryp sels dat it wurdsje snert dat ek wol oer de grins brûkt wurdt, fan Frysk komôf is. Dat sis ik net samar. It stiet yn Van Dales Etymologisch woordenboek van het Nederlands. Dêr stiet ek dat snert ek wol ‘snirt’ neamd waard en dat it komôf te krijen hat mei it wurdsje ‘sneirts’. Dat wurdsje soe betsjutte: yn ien kear, yn ien slok. Moaier namme is net te betinken: As de snert op tafel stiet hoege jo mar ien kear op te skeppen, it board leech te iten om dan daliks genôch te hawwen. Dêr hoecht gjin brea mei spek mear by. Dat is earder wat foar by de ‘erwtensoep’. No lekker ite, soe ’k sizze.

It is de tiid foar snert en brune beantsjes, foar stamppot boerekoal, of soerkoal, foar hutspot, hjitte bliksem of hasjee, foar stoofpannen en oars mar gewoan koal as griente. Oan ’e oare kant, wa’t sokke gerjochten de gewoane kant it neist fynt, dy kin fansels mei deselde yngrediïnten, deselde grienten, hiele ôfwikseljende menu’s gearstalle. Mar echte winterkost kin sûnder yngewikkelde resepten. Dat is maklike kost, dy’t ornaris in dei yn ’t foar makke wurdt. Dat is sels oan te rieden. It wurdt der allinne mar lekkerder fan. Winterkost is simpel, waarm en lekker en it yt noflik, benammen mei-inoar om de tafel.

Ik beslút dit snertferhaal mei in wiisheid dy’t ik earne lies: Ast ytst wat yn deselde tiid fan it jier groeit en yn itselde klimaat as wêr’tsto ytst, dan is dat goed foar dy.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 17 oktober yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.

 

oktober 20, 2020 08:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.