18,9 persint minder ynbraken yn Fryslân yn koroanatiid

oktober 15, 2020 09:48

Fan maart oant en mei augustus 2020 waard yn Nederlân yn totaal 19.311 kear ynbrutsen yn wenten en bygebouwen. Neffens deselde perioade ferline jier is dat in tebekgong fan 18 persint. Yn Fryslân naam it totaal tal ynbraken ôf mei 18,9 persint. Dat en mear docht bliken út in analyze fan Independer op basis fan de resintste plysjedata.

Foto: pixabay.com

Tal ynbraken mei hast in fyfde tebekrûn
Yn ’e perioade maart oant en mei augustus 2020 waarden yn Fryslân yn totaal 541 ynbraken registrearre. Dat is hast 19 persint minder neffens deselde perioade yn 2019. It faakst waard ynbrutsen yn Ljouwert (233), It Hearrenfean (55) en Súdwest-Fryslân (48). De gemeenten dêr’t it minst ynbrutsen waard binne Flylân (0), Skylge en Skiermûntseach (beide ien registrearre ynbraak).

Opmerklike gemeenten yn Fryslân
Weststellingwerf foel posityf op: dêr sakke it tal ynbraken mei 73,5 persint fan 34 nei 9. Yn ’e gemeente Smellingerlân gie it tal ynbraken omheech fan 33 nei 41 ynsidinten.

Iepen hoksdoar in risiko
Ynbraak yn in hok of kelderboks op itselde adres as jins hûs, is yn prinsipe dutsen fia de ynboelfersekering. Der moat lykwols wol echt sprake wêze fan ynbraak en der moat oanjefte by de plysje dien wêze. “As de hoksdoar iepenstie, jildt de dekking net”, seit Eelko van Dijk, skea-ekspert by Independer. “Tink der ek om dat der oare regels jilde as de boks net op it adres fan jins hûs is. Dat moat echt opjûn wurde by de fersekering.”

Independer hat it tal ynbraken de gemeente en provinsje wjerjûn yn ynteraktive kaarten. Dêr binne gemeentegewiis ynformaasje en de lêste trends oangeande ynbraken te finen.

oktober 15, 2020 09:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.