Ynternasjonaal Keamermuzykfestival Skiermûntseach online te folgjen

septimber 9, 2020 08:51

Fan 2 o/m 4 oktober nimt Ynternasjonaal Keamermuzykfestival Skiermûntseach 2020 it publyk mei op festival- en eilânbesite: fan de oankomst mei de fearboat, in besite oan de wettertoer en in hjerring by de fiskboer oant in feestlik slotkonsert. Alles is digitaal mei te belibjen. De reguliere edysje fan it festival giet oer, mar it publyk hoecht it fertroude Skier-gefoel net te missen.

F.l.n.r.: Niek Baar, Busch Trio, Duo Serenissima, Hannes Minnaar (boarne: The Publicity Company)

Ynternasjonaal Keamermuzykfestival Skiermûntseach soe ûnder normale omstannichheden al in pear moanne útferkocht west ha. Fanwege de sûnens fan de eilanners, besikers, musisy en organisatoaren is lykwols besletten de reguliere edysje net trochgean te litten. Mei genôch tiid foar in alternatyf is no in folslein festivalwykein ynrjochte mei konserten fia livestreams fan yn Nederlân wenjende musisy, reportaazjes op fertroude Skierske plakken, muzykfideo’s yn ’e eilanner natuer en digitale bydragen fan bûtenlânske musisy.

Livemuzyk fan it eilân, foar it eilân
In eilân as Skiermûntseach is kwetsber; ôfhinklik fan toerisme, mar net berekkene op in koroanaútbraak. De konserten mei it festival op it eilân binne dêrom allinnich en spesjaal foar de eilanners tagonklik. Oan ’e wâl hoecht men lykwols neat te missen: fia livestreams binne yn it wykein fjouwer konserten mei te belibjen. Op sneontemiddei spilet Duo Serenisssima (sopraan Elisabeth Hetherington en luitspiler David Mackor) neist Italiaanske barokmzyk ek ‘Thin Air’. Dat is in nij wurk fan Calliope Tsoupaki, Componist des Vaderlands, dy’t it yn opdracht fan Festivals for Compassion skreau. Pianist Hannes Minaar jout in útfiering op de festivalsnein. Op de twa jûnen binne der optredens fan ûnder oare it Busch Trio, bariton Henk Neven, fioelist Niek Baar, pianist Caspar Vos en sellist Floris Mijnders. De musisy slute it festival mei eilanner koarsjongers ôf mei in arranzjemint fan it Skiermûntseager Folksliet.

Firtueel Skier-gefoel
It festival op Skiermûntseach is mear as allinnich muzyk: it belibjen fan it eilân mei syn unike natuer is in grut part fan de oantrekkingskrêft. It online festivalwykein wol sa ticht mooglik by dat Skier-gefoel komme en nimt de besiker mei op in reis oer it eilân. Under de neamer Buiten/Spelen laat in searje muzykopnamen by de karakteristykste bûtenlokaasjes lâns, lykas de fearboat, de wettertoer en de dunen. Yn Schier achter de Schermen wurdt it publyk yn in searje reportaazjes meinommen nei plakken op it eilân dy’t foar trouwe festivalbesikers fêste prik binne. Oan it wurd komme eilanners, festivalorganisaasje en musisy. Sa fertelt Jard van Nes oer de sjonglessen dy’t foar it earst yn njoggentjin jier net trochgean kinne. Weromkommende ynternasjonale festivalmusisy lykas Gary Hoffman en Philippe Graffin stjoere in musikaal boadskip – en meitsje fia dy Flessepost dochs diel út fan it festivalwykein.

Mear ynformaasje: www.schiermonnikoogfestival.nl.

septimber 9, 2020 08:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.