Wykoersjoch koroanasifers 28 augustus oant en mei 3 septimber 2020

septimber 7, 2020 10:02

It koroanafirus liket yn Fryslân fierder te sakjen. Foar de twadde wike efterinoar binne der opfallend minder nije besmettingen as de wyks dêrfoar. It firus is no by 28 ynwenners oantroffen, njoggen minder as ferline wike en minder as de helte fan de totalen út de twa wiken dêrfoar. It tal besmettingen is lykwols noch aardich heger as yn juny en july, doe’t it wyks ûnder de tsien lei.

Op de trije testlokaasjes yn Fryslân binne ferline wike 4234 minken test. De wyks dêrfoar wiene dat 4094. Dat tal wint dus oan. Yn de gemeente Ljouwert wiene 7 positive gefallen, It  Hearrenfean en Súdwest-Fryslân beide 5, Tytsjerksteradiel 3, Eaststellingwerf en Waadhoeke beide 2 en Dantumadiel, Harns, Opsterlân en Smellingerlân alle trije 1.

De wachttiid foar in koroanatest bliuwt troch krapte by de laboratoaria langer as wêze moatte soe. No’t it ministearje fan VWS de help fan bûtenlânske laboratoaria ynroppen hat foar it testen fan meunsters, ferwachtet GGD Fryslân dat de testkapasiteit mei in wike of wat fergrutte wurdt en dus de wachttiid koarter wurdt. De lange wachttiid mei dan ta frustraasjes liede, GGD Fryslân freget dochs elkenien om de rjochtlinen nei te libjen en dus by mylde klachten in testôfspraak te meitsjen en de útslach thús ôf te wachtsjen.

Soarchsektor
No’t it kabinet wol dat de soarch alles op alles set om in twadde koroanaweach opfange te kinnen en sikehuzen en in stikmannich ynstellingen harren eigen testbelied en ‑mooglikheden kenne, organisearret de soarchsektor mei GGD Fryslân ek sa’n foarsjenning foar soarchmeiwurkers bûten de sikehuzen. Dat makket dat it wurk yn ferpleech- en fersoargingshuzen en de thússoarch sa goed mooglik trochgean kin. Dy oanpak slút oan op in moasje dy’t yn de Twadde Keamer oannommen is.

Foar it earst yn in fearnsjier is wer ien persoan dy’t posityf test wie yn in sikehûs opnommen. Dat wie de 131ste persoan út Fryslân sûnt begjin maart. It tal pasjinten hjir dat troch koroana stoarn is en by de GGD bekend is, stiet sûnt begjin juny op 69. Yn totaal binne no 832 ynwenners fan Fryslân posityf test.

Yn de ferpleech- en fersoargingssektor is de ôfrûne twa wike by gjinien it firus oantroffen.

septimber 7, 2020 10:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.