Wykoersjoch koroanasifers Fryslân 4 oant en mei 10 septimber 2020

septimber 13, 2020 17:12

Nei twa wiken fan minder besmettingen mei it koroanafirus is yn de ôfrûne wike wer by mear ynwenners fan Fryslân besmetting fêststeld. Sûnt 4 septimber testen 37 minsken posityf, 9 mear as de wyks dêrfoar, mar net sa slim as lanlik it gefal is. Yn totaal binne no 869 ynwenners fan Fryslân besmet rekke, 131 yn in sikehûs opnommen en 69 stoarn (de beide lêste getallen binne dizze kear net feroare).

4965 minsken lieten har dizze kear teste, 731 mear as de wyks dêrfoar. Sûnt woansdei krije soarchmeiwurkers foarrang. Dy kinne fia harren wurkjouwer gauwer in ôfspraak regelje. GGD Fryslân wol dat se binnen 24 oere de útslach hawwe.

Der wurdt faak frege wannear’t skoalbern better thúsbliuwe kinne. Dêr binne lanlike checklisten foar makke: 0 tot en met 6 jaar en 7 tot en met 12 jaar..

De sportwrâld wol ek witte wat wol en net kin as guon leden it firus skipe hawwe. De GGD is fan betinken dat it ferantwurde sporten safolle mooglik trochgean moat, omdat it porten goed foar de sûnens is. As de situaasje derom freget sil de GGD der mei de klups oer prate.

De Gemeente Ljouwert hie de ôfrûne wike de meeste besmettingen: 12. It Hearrenfean 6, Súdwest-Fryslân 5, Opsterlân, Smellingerlân en Waadhoeke alle trije 3, De Fryske Marren en Noardeast-Fryslân beide 2 en Weststellingwerf 1. Ljouwert (totaal 134) helle Súdwest-Fryslân (130) yn as gemeente mei de measte besmettingen.

septimber 13, 2020 17:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.