Wykoersjoch koroanasifers Fryslân 18 oant en mei 24 septimber 2020

septimber 26, 2020 09:31

Ofbylding: pixabay.com

Foar de twadde wike efterinoar is it tal nije besmettingen mei it koroanafirus yn Fryslân mear as ferdûbele. Sunt ferline wike freed kamen der 209 positive testen by. In wike earder wiene dat 93. De besmettingen dûke oeral yn Fryslân op. Hoewol’t it tanimmen nuodlik is, stiet GGD Fryslân noch net op nije beheinende maatregels oan. De testkapasiteit is ûnderwilens ferhege. Sjoch www.itnijs.frl/2020/09/ggd-fryslan-bringt-testkapasiteit-omheech-en-bekoartet-wachttiid.

Sûnt in wike binne ek wer bewenners fan soarchynstellingen posityf test. De GGD wol dy kwestbere groep safolle mooglik ûntsjen. No’t it firus him dêr wer foardocht is it saak om fersprieding foar te kommen troch mear te testen en byneed maatregels te nimmen. Dêr wurdt oan wurke.

Skoallen
Op skoallen dûkt it firus ek op, mar de fersprieding dêr is beheind. Dat kin komme trochdat de skoallen der goed op taret binne. It wiist der ek op dat bern it firus minder gau trochjouwe. Salang’t it mar om in pear learlingen of in learkrêft giet, riedt de GGD oan om de lessen gewoan trochgean te litten. Dat advys wurdt net troch alle skoallen oernommen, dat soms wurde klassen nei hûs ta stjoerd of geane skoallen hielendal ticht.

In protte besmettingen barre thús en wat minder yn de hoareka of op it sportfjild. It advys bliuwt om ôf te sjen fan feestjes, alert te wêzen op klachten en jin te hâlden oan de rjochtlinen oer ôfstân hâlden en hanwaskjen.

Sifers
In treddepart fan de minsken dy’t de ôfrûne wike posityf testen wie tusken de 18 en 29 jier. Dat wie de grutste groep. Tsien persoanen wiene boppe de santich en tsien wiene jonger as tolve jier.

Yn totaal waarden 5490 minsken test, 51 minder as de wike dêrfoar. Twa fan de besmette persoanen binne yn it sikehûs opnommen. Stjergefallen troch koroana wiene der net. Mei de 209 besmettingen fan ôfrûne wike binne no 1171 ynwenners fan Fryslân posityf test.

De measte besmettingen wiene yn de gemeente Ljouwert (83), De Fryske Marren (29), Súdwest-Fryslân (18), Waadhoeke (13) en Dantumadiel, It Hearrenfean, Smellingerlân en Tytsjerksteradiel (oeral 11). De oare positive gefallen wiene yn Noardeast-Fryslân (7), Weststellingwerf (6), Opsterlân (4), Achtkarspelen (3) en Harns (2).

septimber 26, 2020 09:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.