Warnsbetinking – in kwestje fan bewustwurding en mienskip

septimber 22, 2020 06:28

 

Skôging troch Tom Dykstra

Hiel ferskillend is reagearre op it berjocht dat fanwegen it koroanafirus dit jier der gjin Warnsbetinking organisearre wurdt. Fan begryp foar it beslút oant de krityk, dat it dochs bûtendoar trochgean koe. Allegearre wier, mar soe de 75ste kear – in mylpeal dus – mei in útklaaid programma noch in boppeslach wurde kinne?

De betinking is hiel kwetsber. Net allinne wat it waar oanbelanget, mar benammen as Fryske manifestaasje. Net elkenien sjocht sa’n betinking as in positive bydrage yn de Nederlânske ferhâldingen. Dat hat te krijen mei it ambifalinte fielen fan guon Frysktaligen dy’t muoite ha mei it Fries-wêzen en tagelyk Nederlanner. Gelokkich sjogge de measte Nederlânsktaligen de betinking op it Klif net as in ferkeard nasjonalistysk barren, mar dochs hawwe de Fryske taal en kultuer it dreech yn it eigen taalgebiet. Regeljouwing is yn it foarste plak rjochte op it brûken fan it Nederlânsk en soks hat gefolgen. Frysktaligen moatte mar ôfwachtsje oft harren Frysk akseptearre wurdt Dat makket ûnwis.

Mei it sizzen fan dat hja ‘net sá Frysk binne’ wolle Frysktaligen krityk fan de Hollânsktalige mearderheid foar wêze. Neffens ûndersyk fan de Fryske Akademy út 2017 liket fatsoen yn de omgong de noarm te wurden. Om net it ferwyt te krijen dat hja mei it Frysk de net-Frysktalige Friezen útslute, wurdt dan foar it Hollânsk keazen. Konklúzje fan it ûndersyk is dan ek dat de ynwenners fan Fryslân yn ’e rin fan de tiid minder Frysksinnich en mear meartalich wurde. Wat dy meartaligens oanbelanget is it wol wichtich fansels dat it Frysk as ien fan de oan te learen talen foar alle bern in plak hat. As it Frysk net yntegraal yn it ûnderwiisprogramma opnommen wurdt, betsjut soks kwantitatyf en kwalitatyf Frysk taalferlies.

In oar probleem is dat de Frysktalige mienskip mar in lyts part fan de hiele Nederlânske befolking útmakket. Yn ús demokratysk bestel hat dat gefolgen. Op dit stuit sitte der mar twa fertsjintwurdigers út Fryslân yn de Twadde Keamer. As it Frysk dêr al ris in kear oan ’e oarder komt, dan wurde der moaie wurden oer de taal sprutsen, mar de maatregels binne gauris tekoartsjittend en wurkje soms dwersferkeard sa as yn it gefal fan it ûnderwiis yn it Frysk. Okkerdeis is dat tekoartsjitten fan de ferantwurdlike oerheid wer befêstige troch in komitee fan de Ried fan Europa yn syn 6e rapportaazje.

It Multykultureel muzykduo Van der Woude by betinking 2017; foto © H. Roodbergen

De grutte fan de groep soe yn ús demokrasy lykwols net bepalend wêze meie foar it neikommen fan de minskerjochten. Yn in iepen Fryske mienskip mei fan de oarstalige ynwenners respekt en ferantwurdlikens foar de Fryske taal en kultuer ferwachte wurde. Sûnder dy positive hâlding sil kultureel ferskaat – lyk as ek bio-ferskaat – net as in rykdom, mar as in ferfelende stroffelstien sjoen wurde. Yn de ôfrûne 75 jier hat de betinking op it Klif wichtich west om de efterstelling fan de Fryske mienskip oan ’e kaak te stellen.

Nei oanlieding fan diskriminaasje op grûn fan hûdskleur yn de USA neamde kening Willem-Alexander yn de Troanrede diskriminaasje lêstendeis sels in “wezenlijke bedreiging van de rechtsstaat” en stie oan op better nei-inoar te harkjen. Rasistysk hanneljen is ferkeard, mar is taaldiskriminaasje fan in relatyf lytsere groep net like slim? Tajûn: jo kinne net fan hûdskleur feroarje, sa’t jo dat wol mei in taal kinne. Mar it ûndergean dat jins taal leechachte wurdt en net wolkom is, hat beslist in negative útwurking op jins identiteitsgefoel.

Nee, sa slim as yn Tibet, dêr’t minsken martele wurde kinne as hja opkomme foar eigen taal en kultuer, is it hjir net. By ús spylje yn (ûnderwiis)belied en praktyk earder skynarguminten in rol sa as te djoer, te min tiid, te dreech om te learen, net fatsoenlik, net sinfol, oarstaligen wurde útsletten of taalefterstân yn it Hollânsk. Oer in folle gruttere taalefterstân yn it Frysk hearre jo nea wat.

Kommende sneon 26 septimber wurdt de Warnsbetinking net organisearre. It skrassen fan in wichtich jierliks momint fan moeting fan de Fryske mienskip dogge jo net gau.
As alternatyf hat it Stiftingsbestjoer in telefyzjeprogramma gearstald mei as titel 75 jier betinking Slach by Warns. It programma giet oer eftergrûn en ûntstean fan de Warnsbetinking yn 1945. Lykas yn 1345 – 600 jier earder – is it doel gelyk: opkomme foar eigen rjochten. It giet om lykweardichheid en lykberjochtiging fan taal, kultuer en skiednis yn ûnderwiis en in normale funksje yn it iepenbiere libben.
Yn it programma komme fragen oan ’e oarder oer it wêrom en de funksje fan in betinking mei tapaslike bylden fan it monumint op it Klif, muzyk en lietsjes. De nedige krityk op de opset fan de tradisjonele betinkingen wurdt ek net mijd. Hieltyd wer sil socht wurde moatte nei eigentiidske foarmen om der in mienskipsdei fan te meitsjen.

It programma wurdt útstjoerd op 26 septimber om 13.45 oere op Omrop Súdwest (http://omroepsudwest.nl/). Faaks komme jo leaver nei it monumint op it Klif. Gjin probleem. De flagge sil heech oan de mêst wapperje en bestjoersleden fan de Stifting wolle jo wolkom hjitte (mei de nedige oardel meter ôfstân).

Tom Dykstra is waarnimmend foarsitter fan de Stifting Slach by Warns

 

septimber 22, 2020 06:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.