Wâldgieltsjeseizoen ôfsletten mei útrikking trekker oan 3-jierrige

septimber 19, 2020 07:34

Ofrûne moanne wie it startskot fan it Wâldgieltsjeseizoen mei in priuwerij troch boargemaster Kramer en in trekkeraksje op ’e winkelflier. Yn ’e Jumbo yn Grou hat Wâldgieltsjeboer Jaap Wilman fan Ingwierrum freedtemiddei de 100e Wâldgieltsjetraaptrekker oan de trijejierrige Leen Kats útrikt. De measte winkels binne alwer troch de foarried fan de ierapppel út De Fryske Wâlden hinne. De útrikking wie de ôfsluter fan it seizoen.

Foto: Frank Dankmeijer/Streekmerk Wâldpyk

Jaap Wilman is de iennige profesjonele túnker dy’t it Wâldgieltsje-ierappelras op lytse skaal ferboud. Dêrneist binne der in stikmannich hobbyboeren dy’t de ierappels ferbouwe. “De aksje wie dan ek letterlik troch de lytse boer foar de lytse boer”, fertelt Tjalk Stoelwinder fan Ierappelgruthannel Greydanus. De Wâldgieltsjes binne yn trek, mar dit jier foel de rispinge ôf. Dêrom wie it diskear in limitearre edysje. “Kommende jierren sille wy op syk nei in stik of wat profesjonele boeren yn ’e Wâlden dy’t de streekierappel ek ferbouwe wolle om oan de fraach foldwaan te kinnen.”

It Wâldgieltsje
Neffens sizzen soe it Wâldgieltsje al sûnt de 18e iuw yn de Fryske Wâlden foarkomme. Yn ’e rin fan de lêste fyftich jier hawwe nije rassen mei in gruttere opbringst de Wâldgieltsjes oant op ’e râne fan ’e ôfgrûn tebekkrongen. Partikuliere leafhawwers yn de Wâlden en it pionierswurk fan de famylje Wilman fan Ingwierrum hawwe derfoar soarge dat it Wâldgieltsje net ferlern gien is. Yn gearwurking mei Ierappelgruthannel Greydanus op It Hearrenfean en Stichting Wrâldfrucht yn Bûtenpost (Streekmerk Wâldpyk) hat Wilman wer in ekonomyske betsjutting oan it ierappeltsje jûn.

septimber 19, 2020 07:34
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.