Waarpraatsje: Wikseljend wykein

septimber 11, 2020 20:00

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wurdt een wykein mei bewolking, miskien in bytsje rein, mar ek mei sinne en in noflike temperatuer.

Yn ‘e nacht fan freed op sneon is it op de measte plakken helder en op guon plakken kin it wat dizenich of dampich wurde. De wyn komt út it súdwesten en is swak, by de kust lâns matich. De temperatuer leit tusken de 7 en 11 graden.

Sneon skynt de sinne, nei alle gedachten, geregeld, mar letter is der ek bewolking mei miskien wat (sto)rein. By in matige westewyn leit de temperatuer om de 19 graden hinne.

Snein is der (wat) mear sinne en by in matige súdwestewyn wurdt it mei goed 20 graden ek wat waarmer.

Takomme wike wurdt it neisimmer. Wy krije in pear dagen mei waarm oant tige waarm waar foar de tiid fan it jier.

Jan Brinksma

septimber 11, 2020 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.