Waarpraatsje: Tongersdei rein
Resint ferskynd

foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – It wie in prachtige neisimmerdei mei in hiel soad sinne en in tige noflike temperatuer. It waar foar tongersdei sjocht der hiel oars út.
Yn ‘e nacht fan woansdei op tongersdei rekket de loft stadichoan berûn. De wyn is swak en giet nei it suden oant súdwesten. Boppe de Iselmar wurdt de wyn matich. De temperatuer leit tusken de 7 en 11 graden.
Tongersdei is de loft berûn en reint it sa út en troch. De súdwestewyn is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich oant krêftich en de temperatuer leit om de 19 graden hinne.
Freed feroaret der net folle
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje