Waarpraatsje: Tongersdei is de sinne werom

septimber 9, 2020 17:51

DE JOUWER – Nei twa skiere dagen mei sa út en troch wat storein komt de sinne tongersdei wer werom.

Yn ‘e nacht fan woansdei op tongersdei binne der flinke opklearringen. Wat damp is net hielendal útsletten. De wyn is swak en komt út ferskate rjochtingen. By de kust lâns stiet in matige weste- oan noardwestewyn. De temperatuer leit tusken de 8 en 11 graden.

Tongersdei skynt de sinne geregeld, mar der is ek wol (wat) bewolking. It bliuwt drûch. By in swakke wyn út ferskate rjochtingen wurdt it 18 graden.

Freed wurdt it in bytsje waarmer.

Jan Brinksma

septimber 9, 2020 17:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.