Waarpraatsje: Tiisdei wat rein

septimber 7, 2020 19:20

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in kreaze moandei sjocht it waar der foar tiisdei wat minder út.

Yn ‘e nacht fan moandei op tiisdei rekket de loft stadichoan berûn en letter kin it wat (sto)reine. De sude- oant súdwestewyn is matich, by de kust lâns frij krêftich oant krêftich. De temperatuer leit om de 13 graden.

Tiisdei (sto)reint it sa út en troch, mar op de Waadeilânen is der ek kâns op wat sinne. De wyn komt út it súdwesten en is matich. It wurdt 19 graden.

Woansdei feroaret der net folle.

Jan Brinksma

septimber 7, 2020 19:20
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.