Waarpraatsje: Tiisdei tige waarm

septimber 14, 2020 19:21

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie moandei in hiel moaie en waarme neisimmerdei. Tiisdei wurdt it noch waarmer.

Yn ‘e nacht fan moandei op tiisdei is it helder, mar op guon plakken kin wol (wat) damp ûntstean. By in swakke easte- oant súdeastewyn leit de temperatuer tusken de 11 en 14 graden.

Tiisdei skynt de sinne wer hast de hiele dei. De swakke wyn komt út it súdeasten en letter út ferskate rjochtingen. By de kust lâns stiet earst wat mear wyn. It wurdt tusken de 25 en 30 graden. Yn ‘e middei kin it by de kust lâns troch wyn fan see wat minder waarm wurde.

Fan woansdei ôf wurdt it frisser, mar it bliuwt kreas neisimmerwaar.

Jan Brinksma

septimber 14, 2020 19:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.