Waarpraatsje: Skier

septimber 8, 2020 19:06

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie tiisdei in skiere dei en dat bliuwt it woansdei ek, mar kâld is it net.

Yn ‘e nacht fan tiisdei op woansdei is de loft berûn en sa út en troch kin it wat storeine. De súdwestewyn is swak oant matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar matich oant frij krêftich. Mei 15 graden is it in mylde nacht.

Woansdei is it skier mei sa út en troch wat storein. De wyn komt út it súdwesten en is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich. It wurdt in graad as 20.

Tongersdei en freed is der wer wat mear sinne.

Jan Brinksma

septimber 8, 2020 19:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.