Waarpraatsje: Ritich wykein

septimber 25, 2020 19:12

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie freed yn Fryslân noch in hiel aardige dei, mar der stie wol in stûfe wyn. It wykein sjocht der ritich út.

Yn ‘e nacht fan freed op sneon binne de ferskillen yn Nederlân tige grut. Yn Fryslân is it op in soad plakken helder mei kâns op wat damp. By in swakke oant matige wyn út ferskate rjochtingen leit de temperatuer om de 6 graden hinne.

Sneon wikselje bewolking en sinne inoar ôf, mar yn ‘e rin fan ‘e middei set it op in reinen. De wyn is swak oant matich en komt út ferskate rjochtingen. Yn ‘e jûn boazet de wyn by de kust lâns flink oan. It wurdt 15 graden.

Snein bliuwt it ek net drûch en wy sjogge de sinne net al te folle. By in matige noardeastewyn wurdt it mei in graad as 17 wol in bytsje mylder.

Takomme wike bliuwt it ritich.

Jan Brinksma

septimber 25, 2020 19:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.