Waarpraatsje: Ritich mar net in min wykein

septimber 4, 2020 17:38

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in kreaze freed krije wy in wykein dat wat ritich mar ek net striemin wêze sil.

Yn ‘e nacht fan freed op sneon is de loft berûn en reint it in skoft. Letter wurdt it drûch en binne der in pear opklearringen. De súdwestewyn is swak oant matich. By de kust lâns en boppe de Iselmar stiet in matige oant frij krêftige westewyn. It wurdt 12 graden.

Sneon wikselje sinne en hingelwolken inoar ôf en op guon plakken kin in bui falle. De wyn komt út it westen en is matich, by de kust lâns frij krêftich. De temperatuer leit om de 18 graden hinne.

Snein feroaret der net folle. Der falle in pear buien, mar de sinne lit him sa út en troch ek sjen. By in matige westewyn wurdt it net folle waarmer as 17 graden.

Takomme wike bliuwt it in lyts bytsje ritich, mar de temperatuer giet wol wat omheech.

Jan Brinksma

septimber 4, 2020 17:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.