Waarpraatsje: Ritich en frisser

septimber 23, 2020 18:56

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie woansdei suver hast noch wat near, mar it is wol in stik ritiger wurden. Dat bliuwt it foarearst ek.

Yn ‘e nacht fan woansdei op tongersdei falle der buien, miskien wol mei tonger. Yn ‘e rin fan ‘e nacht binne der ek in pear opklearringen. De súdwestewyn is matich oant frij krêftich, by de kust lâns en boppe de Iselmar krêftich oant hurd. Letter jout de wyn him wat del. It wurdt 11 graden.

Tongersdei is der earst sinne, mar yn ‘e middei rekket de loft berûn en kin it sa út en troch reine. De wyn komt út it súdwesten en is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich oant krêftich. Oan it begjin fan ‘e middei boazet de wyn efkes wat oan. De temperatuer leit om de 17 graden hinne.

Fan freed ôf wurdt it noch wat kâlder.

Jan Brinksma

septimber 23, 2020 18:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.