Waarpraatsje: Noflik neisimmerwaar

septimber 16, 2020 19:00

DE JOUWER – It wie woansdei in kreaze dei, al stie der wol mear wyn as de lêste dagen. Foar tongersdei sjocht it waar der ek poerbêst út.

Yn ‘e nacht fan woansdei op tongersdei is it helder. De wyn komt út it noarden en is swak oant matich, by de kust lâns matich oant frij krêftich. De temperatuer leit om de 10 graden hinne.

Tongersdei skynt de sinne hast de hiele dei. By in matige noardeastewyn wurdt it 20 graden.

Freed feroaret der net folle oan it waar.

Jan Brinksma

septimber 16, 2020 19:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.