Waarpraatsje: Neisimmer

septimber 18, 2020 19:01

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It bliuwt yn it wykein noch neisimmerwaar mei in soad sinne en in noflike temperatuer.

Yn ‘e nacht fan freed op sneon is it helder. De wyn komt út it easten oant noardeasten en is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich. Mei in temperatuer tusken de 5 en 10 graden wurdt it wer in frisse nacht.

Sneon skynt de sinne de hiele dei, mar wat hege bewolking is net hielendal útsletten. De eastewyn is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich. It wurdt goed 20 graden.

Snein feroaret der net folle. By in matige noardeastewyn en in soad sinne wurdt it noch in bytsje waarmer as sneon.

Begjin takomme wurdt it stadichoan wat oar waar, mar it bliuwt moandei noch drûch en oan de waarme kant.

Jan Brinksma

septimber 18, 2020 19:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.