Waarpraatsje: Neisimmer

septimber 13, 2020 17:30 Fernijd

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in wykein mei dochs wol in soad bewolking krije wy no in pear dagen waarm oant tige waarm neisimmerwaar.

Yn ‘e nacht fan snein op moandei is it helder. Op guon plakken soe wat damp ûntstean kinne. De wyn giet nei it súdeasten en is swak, by de kust lâns stiet earst noch wat mear wyn. De temperatuer leit om de 10 graden hinne.

Moandei skynt de sinne hast de hiele dei en by in swakke súdeastewyn wurdt it tusken de 25 en 28 graden.

Tiisdei kin it tropysk waarm wurde.

Jan Brinksma

septimber 13, 2020 17:30 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.