Waarpraatsje: Mylde woansdei

septimber 29, 2020 19:31

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie tiisdeitemoarn noch hiel skier mei (sto)rein, mar yn ‘e middei knapte it waar wat op en liet de sinne him ek noch sjen. It waar foar woansdei sjocht der kreas út.

Yn ‘e nacht fan tiisdei op woansdei rekket de loft wer berûn en kin it wat reine. Op guon plakken soe it wat dizenich wurde kinne. De swakke wyn giet nei it suden oant súdwesten. De temperatuer leit om de 10 graden hinne.

Woansdei skynt de sinne sa út en troch, mar in buike is ek net útsletten. De wyn giet stadichoan wer nei it suden en is swak, letter matich. By de kust lâns stiet wat mear wyn. It wurdt 18 graden.

Op tongersdei en freed is it ritich en bliuwt it net drûch.

Jan Brinksma

septimber 29, 2020 19:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.