Waarpraatsje: Mylde moandei

septimber 27, 2020 18:00 Fernijd

foto Jan Brinksma

DE JOUWER – De measte rein foel dit wykein yn ‘e jûn en nacht. Oerdei wie it noch kreas hjerstwaar. Moandei wurdt in mylde dei.

Yn ‘e nacht fan snein op moandei is de loft berûn en (sto)reint it sa út en troch. De swakke wyn komt út it súdwesten. By de kust lâns giet de wyn yn ‘e rin fan ‘e nacht nei it noardwesten oant noarden. It wurdt 11 graden.

Moandei is de loft berûn en soe it op guon plakken earst wat dampich wêze kinne. Yn ‘e middei sille wy de sinne ek noch wol efkes sjen. De wyn giet stadichoan nei it noardwesten en is swak oant matich. De temperatuer leit om de 18 graden hinne.

De oare dagen fan ‘e wike bliuwt it ritich en skier.

Jan Brinksma

septimber 27, 2020 18:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.