Waarpraatsje: Minder waarm

septimber 15, 2020 17:51

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie tiisdei in tige waarme en bysûndere neisimmerdei, mei op guon plakken yn Fryslân hast 30 graden. Yn De Bilt waard nea earder sa let noch in tropyske dei (30 graden of mear) registreare en yn it suden waard it hast 35 graden. Dat wie ek in rekôr. Fan woansdei ôf wurdt it minder waarm.

Yn ‘e nacht fan tiisdei op woansdei it it helder mei kâns op dizenich en dampich waar, mar ek lege bewolking. De wyn giet stadichoan nei it noarden en wurdt swak oant matich. De temperatuer leit om de 14 graden hinne.

Woansdei is de loft berûn, mar letter is der ek kâns op wat sinne. Yn ‘e rin fan ‘e dei nimt de bewolking wer ta. De wyn komt út it noarden en is matich, by de kust lâns frij krêftich. Mei goed 20 graden is it in hiel stik frisser.

Fan tongersdei ôf bliuwt it noflik, drûch en rêstich neisimmerwaar. De hjitte komt net werom.

Jan Brinksma

septimber 15, 2020 17:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.