Waarpraatsje: Hiel oar waar

septimber 22, 2020 19:01

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Oan it kreaze neisimmerwaar mei in hiel soad sinne en in noflike temperatuer komt woansdei stadichoan in ein. It wurdt ritich.

Yn ‘e nacht fan tiisdei op woansdei is it noch helder. De wyn komt út it súdwesten en is swak oant matich. By de kust lâns stiet wat mear wyn. De temperatuer leit om de 10 graden hinne.

Woansdei skynt de sinne geregeld, mar der is sa út en troch ek bewolking. Yn ‘e middei kin der in bui falle. De matige wyn komt út it suden oant súdwesten. By de kust lâns en boppe de Iselmar wurdt de wyn frij krêftich. Mei goed 20 graden is it noch wol myld.

Nei woansdei bliuwt it ritich en it wurdt oerdei in hiel stik kâlder.

Jan Brinksma

septimber 22, 2020 19:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.