Waarpraatsje: Frisse nacht en moaie freed

septimber 10, 2020 18:54

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie in kreaze en tige rêstige tongersdei en it waar foar freed sjocht der ek kreas út.

Yn ‘e nacht fan tongersdei op freed is it helder, mar op guon plakken kin de loft wat berûn wêze. Wat damp is ek net hielendal útsletten. Der is net in soad wyn en de temperatuer leit tusken de 6 en 11 graden.

Freed skynt de sinne flink. De súdwestewyn is swak oant matich en it wurdt tusken de 19 en 23 graden.

Yn it wykein bliuwt it ek drûch. Sneon is it oan de skiere kant, mar op snein skynt de sinne geregeld.

Jan Brinksma

septimber 10, 2020 18:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.