Waarpraatsje: Fris

septimber 24, 2020 19:00

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie tongersdei noch in hiel kreaze dei en it waar foar freed sjocht der ek net min út.

Yn ‘e nacht fan tongersdei op freed is it helder, mar wat bewolking en in bui is net hielendal útsletten. De sudewyn is matich, by de kust lâns frij krêftich. It wurdt 9 graden.

Freed skynt de sinne geregeld en op de measte plakken yn Fryslân bliuwt it drûch. De wyn komt út it suden oant súdwesten en is swak oant matich, mar by de kust lâns frij krêftich. De temperatuer leit om de 14 graden hinne.

Yn it wykein is it ritich en wy sjogge de sinne net folle.

Jan Brinksma

septimber 24, 2020 19:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.