Utstalling Babs Haenen yn Keramykmuseum Prinsessehôf

septimber 15, 2020 08:55 Fernijd

‘Garden of Giverny’ fan Babs Haenen (foto: Prinsessehôf)

Keramykmuseum Prinsessehôf yn Ljouwert presintearret oant en mei 3 jannewaris 2021 de útstalling Babs Haenen: Beauty is in the Eye of the Beholder. Kermiste Haenen (Amsterdam, 1948) makket mei har ekspressive wurk al desennia lang furoare yn ’e keramykwrâld. Dit jier waard se bekroane mei de Van Achterberghpriis foar har bysûndere bydrage oan de keramyske keunst en de keramyk yn Nederlân. It omfangrike oeuvre fan Haenen is te ûntdekken oan ’e hân fan in seleksje, besteande út histoarysk wurk oant resinte stikken, ûntstien yn har atelier yn Amsterdam. It is libben, kleurryk, floeiend en fol dynamyk.

De útstalling yn it Prinsessehôf jout in fariearre byld fan it ymposante oeuvre fan Babs Haenen. Neist har ekspressive skulptueren wurde har arsjitektuerprojekten beljochte. Hja ûntwurp foar de Stedsskouboarch yn Haarlim porsleinen tegels en in ornamint. Foar wenningkorporaasje Ymere makke de keunstner de Waadtegel, dy’t yn tolve gebouwen tapast is. Beide binne produsearre troch Keninklike Tichelaar Makkum. Der binne ek foarbylden te sjen fan de keunstopdrachten, fliertegels en behang foar de Rigo-Saittakolleksje. It behang makke Haenen tegearre mei de keustner Jacqueline Poncelet.

Van Achterberghpriis
Om de twa jier wurdt de Van Achterberghpriis, besteande út in bedrach fan € 15.000 takend oan in persoan of ynstelling dy’t in bysûndere bydrage levere hat oan de ûntwikkeling fan de keramyske keunst en keramyk yn Nederlân. It omfangrike oeuvre fan Babs Haenen wurdt skaaimerke troch meast ekspressive foarmen.

Babs Haenen (foto: Roos de Bolster)

Babs Haenen
Haenen studearre fan 1974 oant 1979 oan de ôfdieling keramyske foarmjouwing fan de Gerrit Rietveld Akademy yn Amsterdam. Dêrnei krige se yn 1979 in atelier mei Gerard Blaauw yn Amsterdam. Yn 1986 begûn se har eigen atelier. Haenen hat njoggentjin jier lesjûn oan de Gerrit Rietveld Akademy. Hja wie ek gastdosint oan de Akademy foar Yndustriële Foarmjouwing yn Eindhoven en it Royal College of Art yn Londen. Fan 2011 oant 2017 hie se in eigen atelier yn ien fan de ferneamdste porsleinstêden fan Sina, Jingdezhen, dêr’t se har kolleksje Flow ûntwikkele. Haenen wie ien fan de earste keramisten dy’t gebrûk makke fan it Keramysk Wurksintrum yn Heusden, in foarrinner fan it hjoeddeiske EKWC.

Haenens wurk wurdt nasjonaal en ynternasjonaal tige wurdearre en is opnommen yn ferskate museumkolleksjes. Yn Nederlân ûnder oare yn it Stedelijk Museum yn Amsterdam, Museum Boijmans van Beuningen yn Rotterdam en it Frans Hals Museum yn Haarlim. Yn it bûtenlân ûnder oare yn it Hetjens Museum yn Düsseldorf, Victoria en Albert Museum yn Londen, it Carnegie Institue Museum of Art yn Pittsburgh, it Cooper Hewitt Museum yn New York, it Museum of Contemporary Ceramic Art yn Shigaraki (Japan) en it Liling Ceramics Valley Museum yn Sina.

De útstalling wurdt mei mooglik makke troch Ottema-Kingma Stichting, Stichting Van Achterbergh-Domhof, Feriening Freonen Keramykmuseum Prinsessehôf en Club Céramique.

septimber 15, 2020 08:55 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.