Utslach ferhalewedstriid foar de Lange Koartproazajûn

septimber 8, 2020 08:44

Begjin dit jier die it Frysk literêr tydskrift Ensafh in oprop ta it ynstjoeren fan tige koarte ferhalen fan op syn heechst 250 wurden. Dat die de redaksje fan it tydskrift, mei’t dy fûn dat der yn ’e Fryske literatuer mear omtinken foar proaza komme kin.

Foto: Geart Tigchelaar

Dat hat fertuten dien, want mei 39 ynstjoerde ferhalen kin sein wurde dat it koarte ferhaal libbet as in hart. De sjuery, besteande út Gerbrich de Jong, Nyk de Vries en Anne Feddema, hat yn totaal 14 ferhalen bekroand. De winners binne: Anneke Augusteijn, Ytsje Hettinga, Trevor Scarse, Friduwih Riemersma, Henk Wolf, Berber Spliethoff, Johannes Dijkman, Baukje Zijlstra, Elske Kampen, Amarens Hibma, Bregtje Sijtsma, Elmar Kuiper, Sipke de Schiffart en Angelique van der Veen.

Alle fjirtsjin ferhalen krije in plakje op de Lange Koartproazajûn fan 27 novimber yn De Bogt fen Guné yn Frjentsjer. De ferhalen fan de lêstneamde sân skriuwers binne troch de sjuery as de alderbêste koarte ferhalen bestimpele, dat dy wurde yn it novimbernûmer fan Ensafh publisearre. Op de Lange Koartproazajûn wurde alle priiswinnende ferhalen foardroegen en ek it sjueryrapport. Teffens jout de Dichter fan Fryslân, Nyk de Vries, in optreden. Ynrin is om 19.30 oere yn De Bogt fen Guné (Fiverstrjitte 1, 8801 TT Frjentsjer).

It Frysk literêr tydskrift Ensafh komt seis kear yn it jier út op papier en op www.ensafh.nl ferskynt om de trije dagen in nije bydrage.

septimber 8, 2020 08:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.