Tytsjerksteradiel rikt Kultuerpriis en Oanmoedigingspriis jong talint út

septimber 22, 2020 09:05

Sneon 19 septimber binne yn Tytsjerksteradiel twa kultuerprizen útrikt. Kultuerwethâlder Tytsy Willemsma lange twa weardebonnen oer. Keunstfotograaf Johannes Bosgra út Hurdegaryp wûn de Kultuerpriis Tytsjerksteradiel 2020. Hy krige in weardebon fan € 1.000. Kultuerlab Het Achterland út Burgum wûn de Oanmoedigingspriis jong talint Tytsjerksteradiel. It wie de earste kear dat dy priis útrikt waard. Dirk Bruinsma krige in weardebon fan € 500.

Foto: Gemeente Tytsjerksteradiel

Fakmanskip en passy moetsje inoar
Johannes Bosgra syn wurk ûnderskiedt him troch dreamerige tafrielen, ynspirearre troch natuer dy’t oanrekke is troch minskehannen. Fan ûngefear 2014 ôf rjochte Bosgra him hieltyd mear op de fotografy, dêr’t er sa stadichoan in hiel eigen sinjatuer yn ûntwikkele hat. As byldzjend keunstner set er de blinen ek iepen foar gearwurking mei oare kultuerdisiplinen, lykas muzyk en poadiumkeunst. De sjuery hat nei syn wurk sjoen en seach dat er it kredo fan ‘less is more’ oanhinget: wat simpeler, wat better. “Wat Bosfra docht is mei stânfêstens dát dekôr kieze dat oerienkomt mei syn inerlike driuwfearren en dêr dan de behearsking fan de fototechnyk op loslit”, neffens de sjuery. Beide binne needsaaklik is de sjuery fan betinken. “Fakmanskip en passy moetsje inoar, dat is sichtber yn it byld.” De sjuery sjocht in soad potinsje yn syn wurk.

Het Achterland is in ‘brûsplak’ foar jong talint
Wethâlder Willemsma: “Dirk Bruinsma falt net daliks yn dy doelgroep, mar hy is jong fan geast en soarget mei syn kollega’s yn it kultuerlab foar in brûsplak dêr’t de jongerein út de gemeente en fiere omkriten de kâns yn kriget syn talinten te ûntwikkeljen.” Het Achterland is in plak foar selsûntdekking, dêr’t bern en jongelju yn útdage wurde om harren eigen sterke punten te ûntwikkeljen en persoanlik te groeien mei de eigen identiteit, feardichheden en motivaasje op kultureel mêd.

De sjuery
De sjuery besteande út Marian Hulshof (byldzjend keunstner), Paula Voorthuijsen (sekretaris Stichting Karakteristyk Tytsjerksteradiel) en Henk Kloosterman (foarsitter fan it Observeum yn Burgum), hat alle nominearre kandidaten beoardiele. De oare kandidaten foar de Kultuerpriis wiene Elza Zijlstra, âld-ynwenner Burgum (makket keunst fan ôffal), Jan Popkema, Burgum (aktyf foar taal en kultuer yn Fryslân, Tytsjerksteradiel en Burgum) en toanielferiening Kom mar op!, Suwâld.

De kultuerprizen binne foar minsken dy’t prestaasjes of fertsjinsten op kultureel mêd levere hawwe. Dat kin op ferskate mêden, lykas byldzjende keunst, poadiumkeunst, literatuer en Fryske taal en kultuer. De prizen wurde ien kear yn ’e twa jier útrikt en beskikber steld troch de gemeente.

septimber 22, 2020 09:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.