Twa sjoernalisten delstutsen by kantoar Charlie Hebdo

septimber 25, 2020 15:33

Yn Parys binne twa minsken mei in grut kapmes swier mishannele. It giet om meiwurkers fan Cash Investigation, in kritysk ûndersyksprogramma dat allegear misstannen oan ‘e kaak stelt. De misdie krige syn beslach deun by it gebou dêr’t foar de oanslach fan 2015 it redaksjekantoar fan Charlie Hebdo siet.

De plysje hat twa minsken oppakt dy’t fertocht wurde fan ‘e hakkerij. Omstanners hawwe holpen by it fangen fan ‘e fertochten. De plysje ûndersiket oft der sprake is fan terrorisme.

Earder dizze moanne is it proses begûn tsjin fjirtjin fertochten fan mandéligens oan de oanslach op Charlie Hebdo. It tydskrift krige de ôfrûne wike nije bedrigings fan moslimterroristen, dy’t fan betinken binne dat der geweld folgje moat as de redaksje ynhâld publisearret dy’t harren net noasket. Dat wie koartlyn op ‘e nij it gefal. It tydskrift publisearre doe de spotprinten fan de midsiuwske profeet Mohammed ibn Abd.

septimber 25, 2020 15:33
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.