Tsjinjend liederskip

septimber 13, 2020 07:00

Oertinking

De oansteande ferkiezingen yn de Feriene Steaten fan Amearika en alles wat der geande is yn Wyt-Ruslân bringe ús tinzen op de fraach wat liederskip ynhâldt.

Lieding jaan kin net sûnder dialooch, en moat as útgongspunt hawwe it inoar moetsjen op basis fan lykweardichheid en respekt fan wjerskanten. In lieder wurdt faak foar in groep oer set, mar minsken wolle sels kieze wa’t foar harren oer komt te stean. Dat moat in lieder wol beseffe. Yn de dialooch wurdt socht nei de erkenning oer en wer. Legitimaasje fan gesach betsjut erkenning. Is dy der net, dan rint it út op klearebare machtsútoefening.

In lieder moat it komôf en de ynbring fan boargers respektearje troch net plakferfangend, mar plakbesettend liederskip út te oefenjen. Troch ûnderskied te meitsjen tusken de begripen plakferfanging en plakbesetting makket Dorothee Sölle (*1) dúdlik hoe’t de relaasje tusken minsken wêze kin. By it earste is gjin sprake fan relaasje. De oar wurdt dea ferklearre, net besteand, ûnbelangryk, net meitellend, lucht. By it twadde, plakbesetting is der wol in relaasje tusken de iene en de oare. De oar wurdt op betingst en net folsein fertsjintwurdige. Sa gau as it mooglik is sil de oar sels wer oanwêzich wêze.

By ferfanging wurdt de oar syn ferantwurdlikheid ûntnommen. Hy/sy kin sels net oan groei en ûntjouwing wurkje. Troch plakbesetting wurdt de ûnmacht en de ferfrjemding te liif gien. De oar wurdt dêr hieltyd by útnûge om yn de eigen situaasje sels wat te dwaan en sels ferantwurdlikheid te nimmen.

Paulo Freire (* 2) jout in oar agogysk model. De pedagogy moat stal krije méí de ûnderhearrigen (yndividu of hiele befolking) en net fóár harren. De leider kin yn in agogysk proses net foar syn boargers tinke en likemin harren syn tinken optwinge.

Yn syn wurden en dieden liet de man fan Nazaret (*3) sjen dat it bringen fan frede en it dwaan fan rjochtfeardichheid in kwestje fan iennichheid is. Wy foarmje inoar, ús mienskiplike wurk bout ús op. Dêr folget in tsjinjend liederskip út, dat troch aktive tebekhâldendheid en geweldleaze striidberens minken de kânsen jout om oan in duorsume wrâld te wurkjen.

Wytze Brandsma, Gersleat
emearitus agooch en teolooch

 

*1 Dorothee Sölle, luthersk teologe (1929-2003): Plaatsbekleding, Ten Have 1965

*2 Paulo Freire, ûnderwiisfernijer (1921-1997): Pedagogiek van de onderdrukten, Ambo│Anthos Uitgevers 1972

*3 De oprop fan dy Woldwaner út it fiere ferline, om te stribjen nei frede, rjochtfeardichheid, solidariteit en mienskipssin, is noch hieltyd aktueel en hat sizzenskrêft om te kommen ta in duorsume wrâld, dêr’t elkenien him yn kend en sjoen wit.

 

septimber 13, 2020 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.