Trettjin dielnimmers nei twadde omgong Liet 2020

septimber 3, 2020 08:18

Foar it Fryske sjongfestvial Liet 2020 hawwe trettjin dielnimmers har kwalifisearre foar de twadde omgong. Dat hat organisaasje Stichting Liet ’91 tiisdei bekend makke. Uteinlik bliuwe der acht akts oer dy’t yn de finale op freed 6 novimber yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert om de oerwinning stride. Yn de tuskentiid mei it Fryske publyk yn in digitale stimming fia www.liet.frl útmeitsje wa’t it de bêste fynt. De publyksstimming set begjin oktober útein.

Foto: Liet

De seleksjesjuery – dy’t bestiet út singer songwriter Esther de Jong, radiopresintator Wim Brons en muzykdosint Willo de Bildt – hat alle 22 ynstjoerde nije Frysktalige lietsjes beoardiele. De trettjin dielnimmers dy’t talitten binne ta de folgjende omgong binne: Duo Dronkers & Alinda, Vocal Roses, Sample Text, Bant, Fegebart, Douwe Dijkstra, Fryaz, Fisk & The Stereo Machine, Janneke de Boer, Jilt & Bruno, Volk!, Bokke en de Heidehippers en Mosken.

De twa akts dy’t de measte stimmen fan de Fryske befolking krije, pleatse har streekrjocht foar de finale. De oare seis finalisten wurde oanwiisd troch de seleksjesjuery. Yn de finale sille fiif nije sjueryleden de beoardieling foar harren rekken nimme. De kommende moanne krije alle trettjin selektearre akts in live-optreden yn it muzykprogramma Noardewyn by Omrop Fryslân radio & tv. “Der is dit jier in soad ferskaat wat ynstjoerings oanbelanget”, neffens Liet-foarsitter Gerard van der Veer. “Njonken tradisjonele ferskes sjogge wy dat dielnimmers ek wat mear it eksperimint sykje. In moaie ûntjouwing.”

Yn septimber set Liet útein mei it coachingsprojekt foar de oerbleaune trettjin dielnimmers. Op kosten fan de organisaasje meie de dielnimmers muzykcoach Janneke Brakels ynhiere foar in sparringssesje om oan it optreden foar de finale te wurkjen.

septimber 3, 2020 08:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.