Tredde faze werynrjochting Alde Feanen yn útfiering

septimber 8, 2020 07:32

Mei it opknappen fan acht kilometer oan kearingen fan de simmerpolders oan de westkant fan de Alde Feanen, begjint fan ’e hjerst de tredde faze fan de werynrjochting fan de Alde Feanen. Dêr stiet de ynrjochting fan natuer foar Natuurnetwerk Nederland en Natura 2000 en maatregels foar rekreaasje sintraal by.

F.l.n.r: Deputearre Douwe Hoogland, Jan van Weperen (Wetterskip), Jeltje van der Meer-Kooistra (It Fryske Gea) en Aaltje Rispens (Gebietskommisje). Foto Provinsje Fryslân.

Der komt in stik natuerfreonlike wâlskant, en de wetterhúshâlding yn de polders wurdt ferbettere. In bettere oan- en ôffier fan wetter yn de polder soarget der aanst foar dat blaugerzen en krûderike gerslannen harren better ûntjaan kinne. Skriezen, hoantsen en ferskate fisksoarten profitearje dêrfan. It âlde diselgemaal by polder de Wyldlannen wurdt ferfongen foar in duorsume fariant. Fisken kinne fan de Fryske boezem nei de polder swimme om te ridzjen en wer feilich werom fia it fiskfreonlike gemaal.

Fan 2021 ôf binne de gebieten súdeastlik fan de Alde Feanen oan bar. Dêr giet it wetterpeil omheech om de ûntwikkeling fan feanmoasreidlân te stimulearjen. Foar in diel bliuwe perselen drûger. Dêr bliuwt de ôfwikseling tusken gerslân, moeras en tichte reidfjilden troch bestean. In noflik plak foar kwetsbere soarten lykas de Noardske wrotmûs en it bûnt reidhintsje. By de Wolwarren komt in faunatunnel, sadat otters en oare lytse bisten feilich fan de Fryske boezem nei in oar natuergebiet komme kinne. Yn in diel fan de Westersanning wurde sleatten ferbrede, in poel groeven en grûn dy’t leech leit ophege. Dat stimulearret de ûntwikkeling fan krûderyk gerslân mei puozzen. Wetterfûgels en greidefûgels lykas it waarlamke binne gek op sokke gebieten.

Rekreaasje
Fan de Headambrêge ôf komt in nij kuierpaad nei Brêgeham. Dat rint by de Jan Durkspolder en de nije fûgelsjochhut lâns. In pear kano- en farrûten foar lytse rekreaasjefeart wurde opknapt en in part fan de sânwindobbe Panhuyspoel wurdt oer in jier of wat rekreaasjestrân mei fisksteger. Tusken de Feantersdyk en it Nonnepaed komt in nije kuierrûte.

Werynrjochting Alde Feanen
De gebietskommisje Alde Feanen wurket yn opdracht fan de provinsje Fryslân en yn ’e mande mei It Fryske Gea, Wetterskip Fryslân en de gemeenten Smellingerlân, Tytsjerksteradiel en Ljouwert oan plannen foar de Alde Feanen. De kommisje bestiet út fertsjintwurdigers fan lânbou, natuer, wetter en rekreaasje út de streek. Om it begjin fan de tredde faze fan de werynrjochting te markearjen waard freed 4 septimber it lêste diselgemaal fan Fryslân noch ien kear oanset. Dat waard dien troch bestjoerders Douwe Hoogland (provinsje Fryslân), Jan van Weperen (Wetterskip Fryslân), Jeltje van der Meer–Kooistra (It Fryske Gea) en Aaltje Rispens (Gebietskommisje).

septimber 8, 2020 07:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.