Tema NBE-komposysjekriich 2021: Kom oerein!

septimber 4, 2020 08:12

Ofbylding: NBE

Alle jierren organisearje it Nederlânsk Blazersensemble (NBE) en BNNVARA de komposysjekriich Op weg naar het Nieuwjaarsconcert foar elkenien o/m achttjin jier. Rappers, fioelisten, blazers, drummers, toetsenisten, sjonger-ferskeskriuwers, elkenien kin meidwaan en makket kâns om mei de topmuzikanten fan it NBE op 1 jannewaris 2021 op it poadium fan it Konsertgebou yn Amsterdam te stean. It konsert wurdt troch BNNVARA útstjoerd op telefyzje. Dit jier is it tema fan de komposysjekriid: Kom oerein!

It NBE ropt jonge komponisten op om muzyk te skriuwen oer eat of ien dêr’t se foar oerein komme wolle, of sels foar yn opstân komme wolle. Der binne hast gjin regels, alles mei en alles kin salang’t it mar sels betocht is.

It Nederlânsk Blazersensemble ûntfangt alle jierren masterwurken fan mear as hûndert (piip)jonge komponisten. De wedstriid blykt in springplanke te wêzen foar mannich serieus komponeartalint yn Nederlân.

Lûdsopnamen of fideo’s fan komposysjes kinne oant en mei 28 septimber maild wurde nei componeren@nbe.nl. Mear ynformaasje oer de komposysjekriich is hjir te finen: nbe.nl/compositiewedstrijd.

septimber 4, 2020 08:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.