Teken fan libben ûntdutsen yn wolken fan Fenus

septimber 21, 2020 08:10

Astronomen tinke yn ’e wolken fan Fenus in gas ûntdutsen te hawwen dat wize kin op libben heech yn ’e atmosfear fan ’e planeet. Dêr ferskynde in artikel oer yn it faktydskrift Nature Astronomy.

Ofbylding: Wikipedia/NASA – publyk domein

Bewiis foar libben is der lykwols net, sizze de wittenskippers mei klam. Hja sprekke fan abnormale en ûnferklearbere gemy, en sizze dat it gas ûntstean kin troch ûnbekende gemyske prosessen, of krekt as op ierde troch libben.

Fenus is in helske wrâld. Oan it oerflak is de temperatuer sa’n 500 graden, de luchtdruk is foar minsken net te fernearen en de atmosfear bestiet hast hielendal út koalstofdiokside. Russyske romteskippen dy’t ferline jier yn ’e dampkring ôfsakken, holden it heechút twa oeren fol. Heech boppe it oerflak is it sa’n tritich graden, mar dêr hingje wolken fol bitend swevelsoer. Dy meitsje de omstannichheden foar potinsjeel libben dreech. Net folle ierdske mikroben soene dy omstannichheden ferneare.

Yn dy swevelsoerwolken tinkt in ynternasjonaal tiim fan astronomen in seldsum stofke ûntdutsen te hawwen: de molekule fosfine. Op ierde wurdt dy allinnich makke yn yndustriële prosessen en troch baktearjes dy’t yn in soerstoffrij omjouwing dije.

Om wisser fan de waarnimming te wêzen waarden 45 grutte skûtels fan de ALMA-teleskoop yn Sily op it Fenusiaanske wolketek rjochte. Dy mjitting wiisde ek op de oanwêzigens fan fosfine yn ’e hege atmosfear fan Fenus. Yn teory kinne sinneljocht, fulkanen of wjerljocht gemyske prosessen beynfloedzje en dêr kin fosfine by ûntstean. De molekule kin ek oan it oerflak ûntstean. Lykwols kinne sokke net-biologyske prosessen neffens de wittenskippers net mear fosfine produsearje as in tsientûzenste fan de rûzde oantroffen hoemannichte.

Hja tinke dus dat de fosfine op Fenus produsearre wurdt troch ûnbekende gemyske prosessen of troch libben.

septimber 21, 2020 08:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.