Sybren Singelsma: Koroanakoarts yn Europa

septimber 7, 2020 12:54

Skôging

Politisy wurde keazen foar wat se yn it ferline tasein hawwe, mar se moatte altyd reagearje yn nije omstannichheden. Wa hie ommers tinke kinnen doe’t hy of sy it reade potlead efter de namme Mark Rutte sette, dat dy safolle jild liene soe om de koroanakrisis te liif te gean. Mar de man koe net oars, om it lân te rêden moasten de liberale prinsipen efkes oan ’e kant set wurde. En gelokkich mar.

Foar it rêden fan Nederlân wolle syn kiezers him wol folgje, foar Europa wurdt dat folle dreger. En dochs moat dat likegoed. Wy sitte no ien kear yn ien binnenmerk en hawwe ien munt, de €uro. Klaas Knot, direkteur fan de Nederlânske Bank, hat it okkerdeis nochris kreas útlein. Om Nederlân te rêden moatte we Europa rêde, want dêr fertsjinje wy ús jild.

It wie dan ek in kwestje fan tiid, druk en drama, mar it Europeeske weropboufûns en de Europeeske mearjierrebegrutting foar sân jier binne dan dochs oannommen op de fjouwerdeiske (!) top fan 17 oant 21 july 2020. Dat koe ek net oars; as ien yn it wetter leit en driget te fersûpen moat men deryn springe, ek al ha je krekt it kreaze pak oan.

Oer dy Europeeske top en de skandalige posysje fan Nederlân falt in soad te sizzen, mar it wichtichste is net perfoarst de grutte fan de pot mei jild. Want yn de oanstriid om sa sunich mooglik te wêzen hat Nederlân wol tastien dat de Europeeske Kommisje sels jild op de kapitaalmerk lient en dat der in pear Europeeske belestingen komme, ûnder mear op plestik.

En dat is nijsgjirrich, want as Europa belestingen fan de boarger heft, wa kontrolearret soks dan? It prinsipe ‘No taxation without representation’ hat yn it ferline gauris de grutte driuwfear fan de demokrasy west. Datselde prinsipe sil no dus ek ta in gruttere rol fan it Europeesk parlemint liede, en dermei ta in mear selsstannige posysje fan de Europeeske ynstitúsjes en Europa as selsstannige bestjoerslaach.

Mar dat is net it iennige effekt fan de koroanakrisis. Folkssûnens is gjin kompetinsje fan Europa. Der binne wol wat beliedstypjende aktiviteiten, dêr’t it Europeesk medisine-agintskip yn Amsterdam it wichtichste fan is. Mar doe’t it koroanafirus sûnder ien grins te respektearjen Europa yn kaam, wie de reaksje fan de Europeeske lannen nasjonaal.

De koroanakrisis sil noch lang en breed evaluearre wurde. Mar ik doar no al wol te foarsizzen dat de konklúzje wêze sil dat by sa’n grutskalige driging in koördinearre Europeeske oanpak needsaaklik is. Dat betsjut it oprjochtsjen fan in soarte fan Europeesk RIVM, en it nimmen fan koördinearre maatregels foar de ekonomy en it grinsferkear as dat needsaaklik is.

It is dochs beskamsum om sjen te moatten hoe’t ûnderskate lannen ferskillende kleurkoaden hantearje en op eigen manneboet grinzen slute foar reizgers út oare Europeeske lannen. Nei de finansjele krisis fan 2008 binne der in soad inisjativen nommen om it finansjeel systeem stabiler te meitsjen. De effekten fan de koroanakrisis binne noch folle djipper as de finansjele krisis. Der sille dus inisjativen komme op it mêd fan firusbestriding en it behearskjen fan de ekonomyske effekten.

Dat befêstiget it adagium fan Jean-Luc Dehaene, de âld-premier fan België, dy’t sei: Der is in moaie takomst foar Europa, salang’t de nasjonale steaten net allinnich alle problemen oplosse kinne. Alhiel yn dy line liet Klaas Knot okkerdeis fan him hearre. In útsprutsen pleit om de realiteit ûnder eagen te sjen, nammentlik dat ús lot mei dat fan de oare Europeeske lannen ferbûn is en we der dus alles oan dwaan moatte om dy lannen ekonomysk sûn te krijen. Hy suggerearre dat, as je yn bygelyks Italië echt wat berikke wolle, je Europa it foech jaan moatte om it ekonomysk belied foar in part te bepalen. Dat hjit dan Europeeske koördinaasje. Mar dat betsjut dat wat foar Italië jildt, ek foar Nederlân jilde moat. Dus foech oer de ekonomy oerdrage oan Europa om ússels te rêden. Klaas Knot hat as direkteur fan de Nederlânske Bank in selsstannige posysje. Lykwols sille syn opmerkingen net tafallich wêze nei de draai fan Rutte op de Europeeske top. It soe wolris in prelude wêze kinne foar in draai fan de Nederlânske polityk.

En sa is de koroanakrisis de safolste krisis dy’t bydraacht ta de Europeeske gearwurking en ienwurding. Europa wurdt net mear opboud om’t de politike partijen dat wolle, mar om’t se it yn de praktyk wol moatte. Op dat dilemma moatte de partijen in ideologysk andert fine, wol it dossier Europa harren net by elke krisis of ferkiezing yn it nau driuwe.

Drs. Sybren Singelsma is histoarikus. Hy hat wurke by it Komitee fan de Regio’s fan de Europeeske Uny.
septimber 7, 2020 12:54
Skriuw in reaksje

5 opmerkingen

  1. Jan Lautenbach septimber 9, 14:36

    Ik haw it gefoel dat Sybren net folle fan syn heit Jan Bearn opstutsen hat.

  2. Romke Kroondijk - Koudum septimber 9, 14:37

    Sybren Singelsma is grif fan de oprjochter fan de FNP. Sels bin ik yn dy tiid riedslid wurden foar dy partij. Ik haw de redaksje berjocht dien dat it grêf fan Aldgillis slim ferruniearre is. Fan nimmen yn Fryslân krij ik reaksje op de berjochten deroer. Kinne jim it berjocht ek trochsjoere nei de soan fan Bearn Singelsma ?

  3. Sybren septimber 9, 18:13

    No bin ik docht wol nijsgjirrich wat Jan bedoeld!

  4. Sybren septimber 10, 19:18

    In taak foar de studinteferiening mei deselde namme?

  5. Ferdi septimber 10, 20:30

    Romke, wy hawwe it grêf juster besocht: it leit der wer kreas by.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.