Sûnder tolkeksamen ‘tolk Frysk’? Nee, dat kin net!

septimber 16, 2020 20:33

Ynstjoerd

Deputearre en Provinsjale Steaten fan Fryslân wolle mear tolken Frysk yn de rjochtspraak troch in ‘taaltoets’ ôf te nimmen, mar se hawwe it blykber net al te heech op mei de status fan it Frysk en de kwaliteit fan it fak. Mei op dit stuit mar ien by justysje offisjeel registrearre tolk Frysk is it te begripen dat se graach wat mear tolken yn ‘it register’ hawwe wolle. Se wolle dat sá graach, dat se it buro beëdige tolken en oersetters fan it ministearje fan justysje en feiligens blykber oerhelle hawwe om de easken om yn it register te kommen allinnich foar de Fryske taal nei ûnderen ta by te stellen. Dat is ferbjusterjend en tige skealik foar it oansjen fan ús taal en fan it fak.

As earder kommisjelid fan tolkeksamens Frysk wit ik wat der fan in ‘échte’ tolk easke wurdt om yn it register te kommen. It eksamen bestiet út fiif ûnderdielen: lêzend oersette yn beide taalrjochtings, ien minút konsekutyf tolkje yn beide taalrjochtings en in rollespul mei in fertochte dy’t allinnich mar Frysk prate en ferstean kin. It part konsekutyf tolkjen is it dreechste, mar it tolkjen nei it Frysk sûnder ynterferinsjes (almeast ‘hollanismen’) falt foar de measten allikemin ta. It kin dochs net sa wêze dat de tolk Frysk it Frysk op in leger nivo hoecht te behearskjen as de tolken yn oare talen har taal? Om josels tolk neame te meien, moatte jo op in eksamen bewize dat jo de taal sûnder ynterferinsjes prate kinne en de juridyske terminology behearskje. It brûken fan in wurdboek by it tolke-eksamen wurdt net tastien. Oft men it Frysk al of net goed staverje kin, is foar it tolkjen net fan belang.

Alle tolken moatte yn Nederlân bewize dat se konsekutyf tolkje kinne. Op it eksamen wurdt oan harren in tekst fan sa likernôch ien side A4 foarlêzen, dy’t dêrnei suver letterlik (!) yn de oare taal werjûn wurde moat. En dat yn beide taalrjochtings. Yn 2014 binne alle seis kandidaten foar de tolktoets Frysk sakke. Wêrom? De kandidaten dy’t it Frysk poerbêst behearsken, hiene nea in tolke-oplieding hân en wisten net wat harren te wachtsjen stie. De kandidaten dy’t al tolk yn in oare taal wiene, behearsken it Frysk net goed genôch en harren is advisearre om har Frysk sa te ferbetterjen dat se sûnder ynterferinsjes Frysk prate kinne. Dat de feardigens fan konsekutyf tolkjen absolút nedich is, hat wol bliken dien by it heger berop fan de blokkearfriezen, dêr’t it ûntbrekken fan dy feardigens resultearre hat yn klachten op Europeesk nivo.

Omdat de provinsje it swurk blykber driuwen sjocht en derfoar soargje wol dat net wer alle kandidaten sakje sille, is der besletten dat it wol ta kin mei allinnich in ‘taaltoets’. As der gjin minsken binne dy’t oan de yn Nederlân stelde easken foar tolken foldogge, wat is dan de ‘oplossing’ fan de provinsje Fryslân? Dy soarget dan net foar in goede oplieding om de kandidaten op it fereaske nivo te krijgen, mar dan wurde de easken ferlege en wurdt it tolkeregister fersmoarge mei ‘sabeare’ tolken Frysk.

Kennis fan taal allinnich makket immen noch gjin tolk. En as men al tolk yn in oare taal is, dan is allinnich ‘Frysktaligens’ perfoarst ûnfoldwaande om tolk Frysk wêze te kinnen. Hoefolle Friezen prate flaterfrij Frysk? Minimale eask is hjoed-de-dei HBU-taalfeardigens yn de taal dêr’t men yn tolkje wol. Dat soe út soarte likegoed jilde moatte foar tolken Frysk. Dy moatte op syn minst in HBU-oplieding Frysk hân te hawwen, oars hearre se net yn it register. As wy mei-inoar wolle dat it Frysk binnen justysje deselde status en kwaliteit kriget as oare talen, dan sil in aspirant-tolk Frysk oan deselde easken foldwaan moatte as al dy oare tolken yn oare talen. Dan sille se ek it swierdere eksamen as tolk helje moatte. Mei minder kin it wier net ta …

drs. Sytze T. Hiemstra, Drachten
Frisist en ûnderwiiskundige

septimber 16, 2020 20:33
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Ammerins Moss-de Boer septimber 17, 18:03

    Ik hoopje talitten te wurden ta de taaltoets as tolk Ingelsk mei 46 jier Frysk yn ‘e bûse. As autodidakt sil der fêst ynterferinsje wêze, mar as ik net op C1-nivo sit, dan wit ik it net… de tolkfeardigens en praktykûnderfining ha ik ek, dus ik hoopje in weardige kollega te wurden fan FD! Ik hie it ek leaver mei in staatseksamen dien, mar dat wie al ôfskaft foardat ik ek mar in berop yn ‘e holle hie en fierders is der neist de oplieding dosint Frysk neat. Dit is in moaie earste oplossing, en wa wit komt der ek noch in folweardich eksamen! En jo binne fansels wolkom om te sjen hoe’t wy it dogge!

  2. Th. Dykstra septimber 24, 22:46

    It is slim, dat der no argewaasje is oer de kwaliteit fan in tolk foar it Frysk. Fansels heart dy kwaliteit op oarder te wêzen as dat nedich is.
    Mar rjochters hearre yn Fryslân it Frysk op syn minst ferstean te kinnen. Foar sa;n funksje is dat de goede regel en in tolk der by helje heart in hege útsûndering te wêzen. .

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.