Stúdzjemiddei Fryske Bibeloersetting oer ‘soarte’ Frysk

septimber 23, 2020 10:18

Wie Maria swanger, swier of yn ferwachting fan Jezus?
Sokke en oare taalfragen komme oan ’e oarder op in stúdzjemiddei fan YKFE-FBO, de stifting dy’t dwaande is om de Bibel opnij yn it Frysk oer te setten. Ien fan de fragen is: nei hokker Frysk wurdt oerset: dat fan ‘yn ferwachting’ (in lienwurd út it Hollânsk) of dat fan ‘swier’ (in ‘echt’ Frysk wurd)?

Sân saakkundigen binne útnûge om elk foar oar in aspekt fan dat ûnderwerp te beljochtsjen. It binne: prof.dr. Nicolien van der Sijs (Nijmegen), dr. Willem Visser (RUG/Fryske Akademy), dr. Lénart de Regt (Vrije Universiteit/United Bibel Societies), Nika Stefan MA (Fryske Akademy), Gerbrich de Jong MA (NHL-Stenden), prof.dr. Hans Van de Velde (Fryske Akademy/Universiteit Utrecht) en dr. Cor Waringa, oersetter Nije Testamint.

It ûnderwerp rekket net allinne de oersetters, mar elkenien dy’t dwaande is mei (de takomst fan) it Frysk. Minsken yn it ûnderwiis, de Provinsje, skriuwers/oersetters, kultuer-amtners, dûmnys, politisy en oaren dy’t belangstelling hawwe, binne dêrom tige wolkom. Wa’t komt moat him/har opjaan troch in mail te stjoeren nei wfbo@ykfe.frl. De middei stiet ûnder lieding fan prof.dr. Rolf Bremmer, redakteur fan de nije Fryske Bibeloersetting. It programma is hjir yn te sjen.

De stúdzjemiddei wurdt holden op freed 30 oktober fan 13.30 oant 17.00 oere yn de Martinitsjerke fan Frjentsjer, Breedeplaats 2. Parkearje kin by Albert Heijn, Leeuwarderweg 8-A.

septimber 23, 2020 10:18
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Abe septimber 23, 13:12

    Alwer in Fryske Bibeloersetting. De reden foar sokke nije oersettingen is altyd it oanpassen fan it taalgebrûk oan de tiid, dat wol yn de praktyk sizze dat sa’n nije oersetting wer in fracht Fryske wurden ferfange sil troch net-Fryske wurden. Argumint: oars komt de tekst te fier fan de lêzer ôf te stean. Sa by de tiid lâns betsjut dit útgongspunt yn de praktyk dat wurke wurdt oan in minder Fryske Bibel, in min-Fryske Bibel of in idiot-proof Fryske Bibel. En sa by de tiid lâns komme der dan ek hieltyd mear fragen oer it besteansrjucht fan sa’n oersetting. Tanksij ús ûnderwiissysteem kin elk ommers dat boek hiel goed yn it Nederlânsk lêze. Mei oare wurden: de driuw om de Bibel hieltyd fierder te ûntfryskjen, makket in Fryske oersetting inkled mar méar oerstallich. In soartemint beuzichheidsterapy foar subsydzjesikers wurdt it. In lyts espeltsje lju hat wer wat wurk. As wy it ûndernimmen no ris kantelje? Set oer yn syn achterút. Mei oare wurden: bring de Wumkes-Folkertsma bibel teologysk by de tiid, yn nóch moaier Frysk. Fergees foarsetsje.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.