Skriftlike fragen FNP oer Wrâldreiskampanje Merk Fryslân

septimber 3, 2020 08:34

Sijbe Knol: “In miste kâns foar mear Frysk yn de publike romte.”

De FNP is min te sprekken dat der gjin wurd Frysk brûkt wurdt yn de nijste toerismekampanje fan Merk Fryslân. Dy is rjochte is op it eigen Fryske publyk, om yn koroanatiid yn eigen lân op stap te gean. De partij neamt it in ‘miste kâns’ foar mear sichtber Frysk yn de publike romte. It kolleezje fan Deputearre Steaten hat skriftlike fragen krige oer de kwestje.

Foto: Wikipedy – publyk domein

Gjin wurd Frysk
Yn de saneamde ‘Wereldreiscampagne’ fan Merk Fryslân wurdt op de Arriva-bussen as provinsjenamme konsekwint ‘Friesland’ brûkt yn stee fan de offisjele provinsjenamme ‘Fryslân’. Foar it oare is der ek yn alle tekstuele uteringen by dizze kampanje gjin wurd Frysk by. Wurdfierder Knol fan de FNP wol dat it kolleezje oanstiet op mear sichtber Frysk as kommunikaasjemedium: “Dat meie wy ferwachtsje fan in organisaasje dy’t syn jild fan de Provinsje Fryslân kriget, mar ek út kommunikaasje-eachweid. Neffens de nije Taalatlas 2020 is it publyk dêr’t dizze kampanje him op rjochtet ommers yn mearderheid Frysktalich. Ut soarte by in organisaasje dy’t sels ‘Merk Fryslân’ hjit.”

Publike romte
De FNP fynt de gong fan saken in miste kâns foar it Frysk yn relaasje ta it Kolleezjeakkoart Lok op 1, doel 55. Dêryn is sein: “It gebrûk fan it Frysk troch ynwenners, Fryske organisaasjes en yn de iepenbiere romte is sichtber en mjitber omheech gien.” Sijbe Knol wol no witte wat it kolleezje deroan dwaan sil om dochs noch in positive draai te jaan oan de kwestje: “Wy wolle derop ta dat soks net wer barre kin by kommunikaasjekampanjes dy’t stipe wurde troch dizze provinsje. Hoe wol it kolleezje boargje dat kânsen foar mear sichtberens fan it Frysk yn de publike romte tenei benut wurde?”

Taheakke: Skriftlike fragen FNP oer Merk Fryslân.

septimber 3, 2020 08:34
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Abe septimber 3, 13:10

    Prachtich. It paad nei hûs wer fûn. No is it saak om in Werklik Goed Undersyk te regeljen nei de Werklik Besteande Taalsitewaasje. Dat moat foar in partij yn ‘t kolleezje dochs net in poepetoer wêze?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.