De Friesland helpt Sionsberg by ynnovaasje driuwende soarch

septimber 20, 2020 08:47

Sionsberg Netwurksikehûs en soarchfersekerder De Friesland hawwe ôfrûne wike it gemeentebestjoer fan Noardeast-Fryslân ynljochte oer de plannen foar it útwreidzjen fan ynnovative driuwende soarch yn Dokkum. No kin dy soarch jûns en yn ’e wykeinen yn Dokkum noch net bean wurde. De útwreiding slút oan by in winsk fan de lokale befolking. Sionsberg ynnovearret de driuwende soarch troch technyk yn te setten dêr’t dy goed mei te plannen is, sadat wachttiden en ûnnedige medyske ûndersiken te foaren kommen wurde.

Foto: Gemeente Noardeast-Fryslân

De Friesland stiet efter de plannen fan Sionsberg foar it útwreidzjen fan de leechkomplekse driuwende soarch en stipet dy finansjeel. Steven Hofenk, direkteur De Friesland: “Yn ’e earste faze kin de útwreiding fan de soarch yn Noardeast-Fryslân nei alle gedachten foar de soarchoanbieders finansjeel net út. Wy stypje yn dy faze út de gedachte wei dat it skielk wol duorsum wurdt. De Friesland sil mei Sionsberg de kommende tiid dêrneist yn petear mei oare soarchoanbieders yn ’e regio, sadat dy soarchútwreiding ek troch harren stipe wurdt.”

Troch mienskiplik in âlde belofte wier te meitsjen, wurdt leechkomplekse driuwende soarch wer ticht by hûs tagonklik foar de befolking fan Noardeast-Fryslân. Wethâlder Jouke Woude de Vries fynt dy soarch ûnmisber foar de regio: “As men driuwend soarch nedich hat, moat men dêrfoar yn Dokkum terjochte kinne. En net inkeld ûnder kantoaroeren. Dat is fan grut belang foar Dokkum as regiostêd dy’t in protte steds- en doarpsbewenners betsjinnet. Ik bin dan ek mear as bliid dat Sionsberg en De Friesland dat mei-inoar berikt hawwe.”

It stribjen is dat de leechkomplekse driuwende soarchpost yn Sionsberg begjin 2021 de doarren iepenet.

septimber 20, 2020 08:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.