Simone Djurrema: De friezer fol mei delikatessen!

septimber 26, 2020 20:00

Kollum

De jagers hawwe wer west. Fan tefoaren stjoert ien fan harren, Leif Stonor, altyd in berjochtsje. “Wy binne hast wer thús, hear!” en as se der binne, seit er glimkjend fan foldwaning en knauwend as in Grinslanner: “Ik sis altyd dat we wer thúskomme, want it is krekt ús twadde thús!” Dat docht ús fansels goed. Doe haw ik mar in lekkere bûterkoeke foar harren bakt.

Ik haw al ris skreaun dat we twa jier lyn aardich wat fleis krige hiene. Hy frege oft ik wat fleis hawwe woe en hy lade mar troch. It wie in hiele ree! Dat neam ik mear as ‘wat fleis’! Ferline jier kaam er mei in stik reebok oan en wat eland út Denemarken. Ik doar soks net ta te meitsjen; stel dat ik dat djoere fleis fergriem! Ik sjoch fansels nei de prizen yn Nederlân en dat fariearret, ôfhinklik fan de poelier, fan € 6,– de 100 gram oant wol € 46,– de kilo!

In freondinne, Kerstin, nimt it net sa nau mei it fleis. Har man jaget sels en se fertelde in kear dat se reefleis foar de kat klearmakke. Mei eagen as teepantsjes frege ik hoe’t se dat yn ’e plasse krige. Mar de kat wie al fyftjin jier en mocht neat oars. Doe’t de ree op wie, wie se ek al oan elandefleis begûn foar it lyts poeske…

De jagers fregen my dit jier wer oft ik in hiele ree hawwe woe. Earst freegje ik altyd goed oft der werklik net in oar belang by hat, mar as se my derfan oertsjûge hawwe, sis ik fansels net nee! Wy hawwe ferline jier ús twadde hûs ferkocht, dat se hiere no fan ’e buorman fierderop it húske dat wy op ús webstee yn ’e ferhier hawwe, dat ik sei dat ik de helte oan dy buorman jaan soe. Doe’t se it paad op kamen hiene se twa kratten by har, ien foar my en ien foar de buorman. It kin blykber net op!

Leif Stonor hie my ferteld dat er net sa gek is op de typyske wyldsmaak. “Ik hâld net fan reeën, hazzen en guozzen, ik haw leaver hert en eland”, sei er. “En troch myn wurk as opspoarder fan oansketten en oanriden wyld haw ik safolle yn ’e friezer, dat ik it eins al hast fuortsmite moat.” Doe fertelde ik dat ik al ris in goes krige hie en dat ik der sa’n hearlik resept foar hie. Dat se hiene der ek mar in filearre goes by smiten dizze kear.

In wike neidat se west hiene krige ik een berjochtsje fan Ejvind, dy’t ek mei harren wie. Hy frege oft er ien fan ús caravans foar in pear nachten hiere koe. Hie woe noch in kear allinnich komme te jeien. Dat koe fansels wol. Us jonge begûn wat belangstelling te toanen: “Wêr slachtsje se dy bisten?” “By Lennart. Moat ik freegje oftst mei meist?” “Ja, doch mar.”

Ejvind skeat fuort de earste nacht al wat. Hy sei: “Der wie in moai ferhaal by. Ik skeat in reebok en dy rûn noch krekt de boskjes yn. Doe kaam er der oan de oare kant wer út, dat ik tocht al, wat is dit! En ik skeat noch mar in kear. Doe’t ik derhinne rûn, lei der ien reebok yn ’e boskjes en ien fierderop. It wiene twa.”
Ik koe ek wol wer ien krije. Ik gie my al fierstente mâl, mar nei in pear kear goed frege te hawwen naam ik it fansels graach oan. Us soan hie mei west te slachtsjen en dy wol noch wol ris syn jachtfergunning helje, dat ik sil de kommende jierren wol net mei in lege friezer sitte.

foto Simone Djurrema

Mar it tameitsjen en it iten is noch wat oars. Ik moast my der dochs mar oan weagje, foardat it te lang yn ’e friezer lein hie. Mei it swit yn ’e hannen hie ik al ris in hiele reerêch op de barbecue hân. Ik hie goed googele en der stie by dat it hiel dreech wie om it krekt goed te krijen. Ree wol noch wolris taai wurde. Mar hy waard perfekt. P-e-r-f-e-k-t! Dus wy oan it iten, en wat bart der?
“Ja, wol lekker, mar it soe ek wol lekker wêze yn ’e hasjee.”
“Ja, giet wol mar, it is sa’n gepiel mei al dy bonken.”

Jimme hawwe miskien, krekt as ik, wolris it geëamel hân dat de bern in kear in hiele pyk út ’e ûne hawwe wolle, dan allinnich de filets derôf skuorre en mem kin de rest opite. Dit wie itselde. En Hindrik wie noch it minst fan allegearre. Mei de pyk én mei de ree. Ik haw noch dagen allinnich reerêch iten, want al mei al siet der noch in hiele protte fleis oan.

foto Simone Djurrema

Dat de oare kear mar ree ite as der besite is, om in bytsje wurdearring te krijen. Ik fyn dat dochs wol in hiele traktaasje as men ree oanbiede kin, dochs? Dat ik besocht it doe’t heit en mem der wiene. Ik hie de deis tefoaren in efterpoat marinearre en him kreas ynsnien en dêr noch wer krûden yn stutsen. Us mem draaide trou alle kearen de poat om op de barbecue. De termometer deryn en alles neffens in resept op Google, en ja hear, it slagge wer! Hy seach der sa moai út dat we earst allegearre foto’s nimme moasten en doe mochten we dan einliks ite. Net te leauwen, hy wie wer perfekt! Ik seach fol ferwachting ús heit oan. Hy moast dochs wol wat wyld wurdearje kinne?
“Ja, it smakket wat nei wyld, hin? Ja, it is leau ik net echt myn smaak.”

Ik jou it op. Juster haw ik in foarpoat en in hals yn in grutte panne dien en sa lang soarje litten dat it fleis fan ’e bonke foel. Wy hawwe der wat fan by de koalraapstamppot hân en de rest ha ’k yn bakken yn ’e friezer dien om letter nochris wat makliks te hawwen. Miskien yn ’e hasjee.

Dat as der ien fan de lêzers is dy’t op fakânsje komme wol en it wól op priis stelt, sis it dan efkes. Dan kinne we tegearre in lekkere reebout meitsje en dan helje Hindrik en de bern mar in pizza út de friezer.

Simone Djurrema-van der Wal út Garyp wennet sûnt 2015 mei har man en bern yn Mellerud yn Sweden.
septimber 26, 2020 20:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Ineke septimber 30, 17:31

    No Simone oar ier komme Pieter en ik fest wer in Zweden. Dan meitsje ik graeg wer ree of eland hjer!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.