Ried en kolleezje Noardeast-Fryslân krije plom fan Fryske Beweging

septimber 22, 2020 08:23

Op 10 septimber 2020 hat de gemeenteried fan Noardeast-Fryslân ienriedich foar it ynstellen fan Frysktalige plaknammen stimd. De Ried fan de Fryske Beweging stelt dat tige op priis en jout de gemeenteried én it kolleezje fan boargemaster en wethâlders in ‘plom’.

It beslút foar Fryske plaknammen is, oars as guon minsken miskien tinke, gjin kwestje fan ‘geveltsjefrysk’. De plaknammen wurde net allinnich op de kombuorden set, mar ek fêstlein yn de ‘Basisadministratie Adressen & Gebouwen’. Dêrmei wurdt in fûnemint lein foar it Frysk yn dizze jonge gemeente. Noardeast Fryslân is dêrmei in foarbyld foar oare gemeenten yn Fryslân.

Taheakke: Plombrief Noardeast-Fryslân.

septimber 22, 2020 08:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.