Regeling helpt maatskiplike sektor troch de tiid

septimber 14, 2020 08:37

It Fryske ferieningslibben giet yn koroanatiid safolle mooglik troch: foar it nimmen fan maatregels om oan de koroanarjochtlinen te foldwaan stelt provinsje Fryslân in subsydzje beskikber. Der is foar hiel Fryslân € 375.000,- beskikber om aktiviteiten yn de oardelmetermaatskippij te stypjen. De regeling is op 7 septimber yngien.

Foto: Provinsje Fryslân

De regeling is bedoeld foar buert- en doarpshuzen, oanbieders fan sport en amateurkeunst en maatskiplike organisaasjes dy’t kwetsbere groepen stypje. Om oan de koroanarjochtlinen te foldwaan, moatte kosten makke wurde. Foar bygelyks de oanskaf fan desynfektearjende middels, kichskerms en ekstra kosten foar hier, it skjinmeitsjen en personiele ynset is dêrom in subsydzje oant € 1.500,- beskikber. Sjoch foar mear ynformaasje oer dizze regeling op www.fryslan.frl/subsidievens.

Deputearre Klaas Fokkinga: ‘Ferienings, stiftings en oare ynstânsjes spylje in krúsjale rol yn de leefberens en sosjale ferbining yn ús provinsje. Nei in ferromming wurde de maatregels noch krekter oanhelle, wylst wy stomme graach wer byinoar komme en ús passys útoefenje. Foaral yn dizze perioade wolle de minsken mei-inoar troch de tiid en wy hoopje it mei dizze regeling wat makliker te meitsjen’

Mei de subsydzje, dy’t yn nauwe gearwurking mei Doarpswurk, Keunstwurk en Sport Fryslân ta stân kommen is, helpt de provinsje Fryslân it maatskiplik libben wer op ’e gong te bringen en te hâlden en sa in bydrage te leverjen oan it befoarderjen fan de leefberens yn wiken, doarpen en stêden.

Lok op 1, no en moarn: 11 ekstra koroanamaatregels
De regeling is ien fan de ekstra koroanamaatregels fan de provinsje Fryslân yn it Lok op 1, no en moarn-pakket. Provinsjale Steaten makke dêr op 24 juny l.l. € 5 miljoen foar frij. Dizze regeling foar de maatskiplike sektor is ûnderdiel fan de leefberensregeling fan € 450.000,-.

septimber 14, 2020 08:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.