Reaksje Provinsje Fryslân op de Troanrede
Resint ferskynd
Reaksje Provinsje: “Kabinet set ek ‘Lok op 1’”
De koroanakrisis hat sjen litten hoe fearkrêftich oft Nederlân is en wat der wier ta docht: sûnens, famylje, freonen. It giet net allinne om it Bruto Nasjonaal Produkt, mar om ús Wolwêzen. Lykas Fryslân set it kabinet dêr no ek op yn. Mei grutte ynvestearringen yn û.o. feangreide, ûnderwiis en ynfrastruktuer lûkt it kabinet de ekonomy wer los en set dêrnjonken yn op safolle mooglik baanbehâld.
Deputearre Sander de Rouwe: “Perspektyf foar de takomst begjint altyd yn it hjir en no, seit de Kening. Dat is ek de ynset fan ús Lok op 1: no en moarn in pakket mei maatregels foar ophelpen. Ut de troanrede sprekt in soad ambysje, der wurdt in soad ynvestearre. Ik wol it Ryk oproppe om ek mei faasje oan ’e slach te gean en de miljarden ek scht yn 2021 yn te setten.”
Fryslân eksperimentearre mei it “Lok op 1: no en moarn”-pakket al mei maatregels foar ûnderwiis en arbeidsmerk, lykas de staazjeregeling. Mei troch dy regeling is oan it begjin fan dit stúdzjejier it tekoart oan staazjeplakken al de helte lytser wurden. It is no oan it Ryk om mei in nasjonale regeling te kommen.
Lelyline
Mei de Lelyline kinne Rânestêd en Noard-Nederlân oanslute by de ‘’fleanende start’’ dy’t it regear it Nasjonale Groeifonds jaan wol. Foar de takomst is dy flugge spoarferbining ûnmisber. De Lelylijn past by it doel om ús lân ek foar de jongerein fan no better, skjinner en duorsumer te meitsjen.
De Kening wiist op it belang fan ynternasjonale gearwurking om klimaatproblemen op te lossen en enerzjytransysje te realisearjen. De middels dy’t út it Groeifonds beskikber komme om ûnder oare te ynvestearjen yn de enerzy-infrastruktuer, binne ek foar Fryslân fan grut belang om de kapasiteitsproblemen op te lossen en dy enerzjytransysje realisearje te kinnen.
De oankundiging fan it regear om yn dizze koroanatiid de stipe oan it iepenbier ferfier fierder troch te setten, is posityf. De maatregel is hurd nedich om fuortfallende reizgersynkomsten te kompensearjen foar dizze wichtige sektor.
Mei de reservearring fan in heal miljard euro foar keunst en kultuer ûnderkent it regear it belang fan dy sektor foar de maatskippij en de problemen dêr’t de sektor troch de koroanakrisis yn sit.
De Kening wiist op de needsaak fan stikstofoanpak foar ferbettering en behâld fan natuer. It provinsjebestjoer ken dat qweom en ropt it kabinet op ta aksje. Der binne wiidweidige petearen fierd mei de mienskip. No is it tiid om stappen te setten nei in goed lykwicht tusken natuer, in sûne lânbousektor, romte foar ekonomyske ûntjouwingen en lok op 1.
(De reaksje fan de Provinsje Fryslân op de Troanrede is yntegraal oernaam. Redaksje It Nijs)
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje