Reaksje FNP op ‘Prinsedei’: gemeentlike tekoarten oplosse!

septimber 18, 2020 10:49

De FNP is kritysk op de finansjele útstellen fan it regear by it oanbieden fan de Miljoenenota. It stelt de partij yn it foarste plak teloar dat der noch hieltyd gjin oplossing is foar de grutte gemeentlike tekoarten. Dêr moat no hurd feroaring yn komme. Twad trunet de FNP opnij oan op folsleine ôfskaffing fan de ferhierdersheffing. De hierferleging dy’t foarsteld wurdt is in sigaar út eigen doaze. As lêste is it ekstra jild foar kultuer yn de regio in suertsje by de boadskippen. Twa miljoen euro foar seis provinsjes is wol in hiel lyts bedrach.

Jild foar gemeenten
De FNP is teloarsteld dat it Ryk de gemeenten noch hieltyd gjin útsjoch jout op in strukturele oplossing foar harren drege finansjele posysje. Foar it jier 2022 wurdt foar ien kear wol in bedrach fan € 300 miljoen foar de jeugdsoarch útlutsen, mar de problemen by gemeenten moatte noch foar de fêststelling fan de gemeentlike begruttings 2021 út ’e wei! Oars sille gemeenten mei pynlike besunigingen komme moatte op bygelyks biblioteken, sportfoarsjenningen en doarps- en wyksintra. Of de belestingen sille fiks omheech moatte.
It is tiid foar finansjele stabiliteit foar gemeenten. It kabinet sil wat de FNP oangiet yn alle gefallen wurkje moatte oan twa saken: it folslein ôfskaffen fan de saneamde ‘opskalingskoarting’ en dêrneist in strukturele kompensaasje foar de tekoarten. De FNP slút him mei dit stânpunt oan by de VNG (feriening fan Nederlânske gemeenten).

Sigaar út eigen doaze
In oar punt is de hierferleging dy’t it kabinet foarstiet. De 200 miljoen dy’t dy ferleging mooglik makket wurdt betelle troch in koarting op de ferhierdersheffing. Alle jierren hellet it ryksregear rûchwei twa miljard op mei dy heffing. No komt dus tsien persint dêrfan werom nei guon hierders. De FNP bliuwt fan betinken dat de folsleine heffing fan ’e tafel moat. Troch alle jierren mar leafst fjouwer moanne oan hier fuort te bringen nei De Haach hawwe wenningkorporaasjes it dreech om de needsaaklike ynfestearringen te dwaan, yn doarpen en stêden by te bouwen en binne hieren ûnnedich heech. De FNP sil senator Gerben Gerbrandy wer freegje yn de Earste Keamer de minister derop te fergjen om dy heffing folslein ôf te skaffen.

Ferdieling kultuerjilden
Dizze simmer wie der fan alle kanten grutte krityk op de ferdieling fan it Fonds Podiumkunsten. 54% fan it jild gie nei Amsterdam en mear as 80% nei de Rânestêd. It kabinet docht no in taast yn ’e ponge troch € 17 miljoen ekstra beskikber te stellen. Lykwols, dêrfan giet opnij fierwei it grutste part nei de Rânestêd. Seis provinsjes, dêrûnder Fryslân, meie € 2 miljoen ferdiele, dus goed trije ton de provinsje. It fersterket it idee fan de FNP om de ferdieling fan de lanlike kultuerjilden hielendal oer te heveljen nei de ôfsûnderlike provinsjes. Nije wike komt de FNP mei in moasje yn de Steaten fan Fryslân.

septimber 18, 2020 10:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.