Protte walfisken oanspield by Tasmanië

septimber 23, 2020 09:40

Foar de kust fan it Australyske eilân Tasmanië binne yn totaal sa’n 470 walfisken ûntdutsen dy’t yn ’e problemen kommen binne. Moandei spielden al sa’n 270 bisten oan, tiisdei waarden nochris 200 oantroffen.

Foto: morguefile.com

Al trije dagen is in grutte rêdingsaksje oan ’e gong. Besocht wurdt om de walfisken werom nei it djippe te krijen, mar dat is dreech. Oant no ta is dat noch mar by 25 walfisken slagge. In stikmannich strâne dêrnei opnij. Wêrtroch’t de bisten oanspield binne, is net dúdlik.

Fan de twadde groep dy’t no fûn is, is it grutste part al dea. Dochs jouwe de rêdingswurkers it net op en hoopje se hjoed noch in tal rêde te kinnen. Der is wol haast by, seit in koördinator fan de rêdingsaksje. Hoe langer oft it duorret, hoe grutter de kâns dat de bisten beswike.

septimber 23, 2020 09:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.